Diftar+
De gemeente hellet jo húshâldlik ôffal op. Jo betelje hjirfoar ôffalstoffenheffing. Yn Opsterlân brûke wy al jierren it systeem ‘Diftar’. Dêrby betelje jo foar in part in fêst bedrach en foar in part per kear dat jo de kontener oan de dyk sette. Dat hjit ‘betelje nei gebrûk’. Gemeenten lykas Ljouwert, Eaststellingwerf en Hearrenfean hawwe al positive ûnderfiningen mei in fernijde fariant fan dit systeem, Diftar+. Opsterlân wol dit goede foarbyld graach folgje. Om ôffal better te skieden en minder restôffal oer te hâlden, stapt de gemeente dêrom oer op it nije systeem Diftar+.

Wy stappe oer nei Diftar+ Wat betsjut dit foar jo?
Fan 1 jannewaris 2026 ôf feroaret de manier wêrop jo betelje foar it oanbieden fan húshâldlik restôffal by leechbou mei in minikontener (240 liter). Jo betelje op basis fan it gewicht fan jo restôffal en it tal kearen dat jo de kontener oan de dyk sette. Oant no ta betelje jo allinnich foar it tal kearen dat jo de restôffalkontener oan de dyk sette.
Foar bewenners fan apparteminten of oare foarmen fan heechbou feroaret der neat. As jo in ûndergrûnske sammelkontener hawwe mei in pasje, bliuwe jo per ynwerp betelje.
