Wurkje foar Opsterlân
Wy binne Opsterlân. In gemeente dy't doarren iepenet. Foar de bakker op 'e hoeke, har ynwenners, meiwurkers en foar jo. Doarren nei nije wegen en oplossings. Mei-inoar wurkje wy alle dagen oan in leefbere en duorsume gemeente. Bûten én efter de foardoar. Binne jo immen dy't iepen stiet foar nije ideeën, wolle jo wat betsjutte foar ús ynwenners en doare jo op aventoer te gean? Dan steane wy iepen foar jo.

Wy binne op syk nei in:
In waarm wolkom foar nije kollega's
In goede start foar ús nije kollega's: dat fine wy hiel wichtich. Dêrom nimme wy jo al foar jo earste wurkdei by de hân. Wy meitsje jo wiis yn 'e organisaasje en meitsje jo goed ree. Twa kear yn 't jier organisearje wy in spesjale dei foar nije meiwurkers, mei ûnder oare in bustoer troch de omjouwing. Nijsgjirrich nei wat wy noch mear dogge?
Fia in handige app learde ik de organisaasje al rom foar myn earste wurkdei kennen. Handich en fijn, want dêrtroch fûn ik folle rapper myn draai.
Jo fine ús ek op:

Mear witte?
Liket it jo wat om by Opsterlân te wurkjen? Wolle jo mear witte? Of binne jo earne nijsgjirrich nei?
