De ynhâld is laden.

Logo gemeente Opsterlân
Logo gemeente Opsterlân

Kultuer

Kultuer yn Opsterlân libbet! In goed kultureel oanbod is goed foar sawol ynwenners as besikers fan de gemeente. Kultuer ferbetteret de leefberens fan doarpen en kearnen.

Wêr set gemeente Opsterlân him foar yn?

Gemeente Opsterlân wol in ûnderskiedend kultureel oanbod foar folwoeksenen én bern. De gemeente besiket ferienings en stiftings dy't aktyf binne op it kulturele mêd sa goed mooglik te stypjen.

Kultueredukaasje

Mei kultueredukaasje stimulearje wy de kulturele ûntwikkeling fan bern. Bern leare harren uterje yn muzyk, dûns en kreativiteit. Dat draacht by oan de yndividuele ûntwikkeling fan bern en jongerein en dêrmei oan in krêftige en kreative mienskip. 

De gemeente stipet de skoallen finansjeel om Yndividuele Muzikale Foarming (IMV) mooglik te meitsjen yn de klasse. Dêrneist ûntwikkelet de kultuercoach tegearre mei de skoallen in oantreklik oanbod fan kulturele aktiviteiten, sadat de bern al yn in ier stadium yn de kunde komme mei kultueruterings en -aktiviteiten.

Subsydzje Kultuer Eveneminten Opsterlân

Wolle jo in aktiviteit of evenemint organisearje op it mêd fan kultuer? Dan kinne jo de Subsydzje Kultuer Eveneminten Opsterlân oanfreegje.

De gemeente stipet kulturele inisjativen mei in bydrage, om de organisaasje fan in breed skala oan gruttere en lytsere kultuereveneminten en -aktiviteiten mooglik te meitsjen.

De Bibleteek

De gemeente stipet De Bibleteken Súdeast Fryslân jierliks mei in bydrage. Dêrmei kin de bibleteek in skala oan aktiviteiten organisearje. Sjoch foar mear op: www.bzof.nl

De Musea

Musea binne wichtich om it ferhaal fan Opsterlân te fertellen en dy ferhalen sjen te litten. Want sûnder de skiednis is it in stik dreger om it hjoed te begripen. Yn Opsterlân binne 3 musea, dy't troch de gemeente stipe wurde. 

Mear ynformaasje

Hawwe jo fragen oer kulturele saken of fragen oer it oanfreegjen fan subsydzje foar kultuer? 

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum 

Of meitsje gebrûk fan it 'Kontaktformulier kultuer'. 

Kontaktformulier kultuer

Bugel