De ynhâld is laden.

Logo Gemeente Opsterlân
Logo Gemeente Opsterlân

Wenjen, bouwen en renovearjen

Ferhuzing trochjaan

Komme jo yn Opsterlân wenjen? Of ferhúzje jo binnen Opsterlân? Meld dit dan by de gemeente. Ferhúzje jo nei in oare gemeente? Meld jo ferhuzing dan oan jo nije gemeente.

Omjouwingsfergunning

Wolle jo bouwe, ferbouwe, in beam kappe of wat feroarje oan in monumint? Dan hawwe jo meastentiids in omjouwingsfergunning nedich. Soms hawwe jo ek foar it slopen in omjouwingsfergunning nedich. Faak is in sloopmelding dan lykwols genôch.

Wêr wurdt der boud?

Der wurdt de kommende jierren stevich boud yn Opsterlân. Op dizze side kinne jo per doarp de grutte(re) wenningbouprojekten besjen. 

Prinsipefersyk ôfwike regels romtlike oardering

As jo plan net past yn it omjouwingsplan, hawwe jo in omjouwingsfergunning nedich wêrmei't ôfwykt wurdt fan it omjouwingsplan. 

Omgevingsplan

Yn it omjouwingsplan stiet hoe't de grûn yn in gebiet en de gebouwen dy't dêrop steane, brûkt wurde meie.

Omjouwingsplan wizigje

Wolle jo grûn of gebouwen op in oare manier brûke as yn it omjouwingsplan stiet? Dan kinne jo de gemeente freegje om it omjouwingsplan te feroarjen. 

Boukavels en grûn-/grienstripen

Wolle jo sels in hûs bouwe of bouwe litte yn de gemeente Opsterlân? Yn in tal doarpen hawwe wy boukavels te keap.

Wenningfisy Opsterlân

Op 18 septimber 2023 hat de gemeenteried de Wenningfisy gemeente Opsterlân ‘folkshúsfestingsprogramma’ fêststeld. De Wenningfisy bepaalt de koers fan it wenbelied fan de gemeente foar de kommende jierren.

Sloopmelding

Wolle jo in pân of wenning sloppe? Of in diel dêrfan? Dan moatte jo yn de measte gefallen in sloopmelding dwaan. Yn guon gefallen hawwe jo in fergunning nedich.

Asbest fuorthelje

Asbestfezels kinne liede ta libbensgefaarlike sykten. Salang't asbest fêstsiet yn oar materiaal is it net perfoarst gefaarlik. It wurdt in risiko foar de sûnens as de asbestfezels frijkomme en ynaasemd wurde kinne. Bygelyks by sloopwurksumheden.

Oanlizze of feroarje fan in yn- of útwei

Wolle jo by jo wenning of bedriuw in yn- of útwei meitsje nei de iepenbiere wei of wolle jo in besteande yn- of útwei feroarje? Dan moatte jo dit melde by de gemeente. 

Wolstân

De welstânskommisje advysjearret oer it uterlik fan bouwurken en de romtlike kwaliteit.

Hanthavening en kontrôle

De gemeente kontrolearret bedriuwen en ynwenners en hâldt tafersjoch op bou- en sloopwurksumheden, it ferwiderjen fan asbest en it neilibjen fan miljeuregels.

Bou en ferbouwing, kontrôle

Fermoedzje jo dat in bou of ferbouwing net neffens de regels ferrint? Jo kinne dit melde by de gemeente.

Omgevingswet

De nije Omgevingswet trêdet op 1 juny 2024 yn wurking. Dizze wet bringt grutte feroarings mei foar gemeente, bewenners en organisaasjes.

Rioel

Is jo wenning of bedriuw net oansletten op de rioelring? De gemeente fersoarget de oansluting op it iepenbiere rioelstelsel fanôf de persielgrins fan jo gebou. Op eigen terrein moatte jo sels soargje foar de oanlis fan de rioelring.

Ynisjatyf yn de iepenbiere romte

De tiid dat de gemeente bepaalt wat goed is foar har ynwenners, leit fier efter ús. De lêste jierren sjogge wy hieltyd mear inisjativen yn de maatskippij ûntstean. In inisjatyf yn de iepenbiere romte is in idee foar in oanpassing of ferbettering fan de leefomjouwing.

Basisregistraasje Adressen en Gebouwen (BAG)

De gemeente Opsterlân hat alle gebouwen en adressen binnen de gemeentegrinzen registrearre. Dizze registrearre gegevens wurde trochjûn oan it sintrale ynformaasjesysteem: de Lanlike Foarsjenning Basisregistraasjes Adressen en Gebouwen (BAG-LV). Ek de gegevens fan útjûne boufergunningen wurde registrearre yn de BAG-LV.

Stoken fan fjoer

In fjoerke stoken is gesellich en fansels lekker waarm. Yn de simmerperioade fine wy in BBQ yn de tún ek tige leuk. De reek dy't frijkomt wurdt lykwols net altyd wurdearre troch jo buorlju. Wy wolle as gemeente it stoken en barbecueën net ferbiede. Mar wy wolle wol fan elkenien freegje om de oerlêst safolle mooglik te beheinen.

Bermbehear en ikeproesesrûp

Wy ferwachtsje dit jier op 'e nij oerlêst fan de ikeproesesrûp. De lytse brânhierkes fan de rûp feroarsaakje irritaasjes oan hûd en eagen. 

Meitsje in ôfspraak

Wolle jo in ôfspraak meitsje? Jo kinne dat hjirûnder dwaan, en dêrby sels de dei en it tiidstip bepale. 

Meitsje direkt online in ôfspraak

Bouplak