Omgevingswet

Binne jo fan doel om te bouwen, ferbouwen, útwreidzjen, slopen, beammen te kapjen of wat te feroarjen yn jo wenomjouwing? Dan krije jo te krijen mei de nije Omgevingswet. Faak hawwe jo in omjouwingsfergunning nedich. Oanfreegje kin by it Omgevingsloket.

Foar wa is de Omgevingswet?

De Omgevingswet jildt foar elkenien yn Nederlân. Jo krije mei de Omgevingswet te krijen as jo bygelyks fan doel binne jo hûs te ferbouwen, in beam te kapjen of earne in bedriuw of buerthûs te begjinnen. It kin ek wêze dat jo buorlju, in projektûntwikkelder of de gemeente yn jo omjouwing (fer)bouwe sil. Yn dat gefal kinne jo meitinke oer ûntwikkelingen yn jo buert.

Wat der feroare is

De Omgevingswet besjocht de omjouwing dêr't jo wenje, wurkje en libje as ien gehiel. Troch it bondeljen fan alderhande lanlike wetten en regels oer dy omjouwing ûntstiet mear oersjoch. De bredere blik op de omjouwing komt ek werom yn de Omgevingsvisie Opsterland. De fisy beskriuwt de winske ûntwikkeling fan de gemeente en foarmet it ramt foar romtlike ûntwikkelingen.

Yn it omjouwingsplan steane regels oer de fysike leefomjouwing yn Opsterland. Dy regels stiene foarhinne yn bestimmingsplannen, gemeentlike ferordeningen en spesifike regels fan it Ryk oer bouwen en miljeu.

Ynformaasje dy't jo foarhinne op ferskate plakken sammele, fine jo no op ien plak: yn it Omgevingsloket. Yn dit lanlike digitale loket sjogge jo hokker regels jilde op in adres, dogge jo in fergunningcheck of freegje jo in omjouwingsfergunning oan.

De Omgevingswet

Mei de komst fan de Omgevingswet moatte gemeenten in Omgevingswet hawwe. De gemeente Opsterland hat op 3 july 2023 in Omgevingswet fêststeld, dêr't de haadlinen yn sketst wurde fan de ûntwikkelingsrjochting foar de wen-, wurk- en libbensomjouwing op de langere termyn. Dit is it fisydokumint dêr't de gemeente rjochting yn jout oan de grutte ûntwikkeling dy't de kommende jierren ûnder oare op it mêd fan natuer, klimaat en duorsumens regele wurde moatte.

Download de Omgevingswet

De Omgevingswet yn twa minuten:

Faak stelde fragen:

Wat binne de foardielen fan de Omgevingswet?

  • Ien Omgevingswet - Minder regels, mear gearhing, mear oersjoch.
  • Ien digitaal Omgevingsloket - Alle regels fan gemeenten, provinsjes en wetterskippen op ien plak.
  • Yn ien eachopslach sjogge jo hokker plannen der al binne en hokker regels jilde foar in bepaalde lokaasje of gebiet.
  • Fluch dúdlikheid oft in fergunning of melding fereaske is.
  • Ien Omjouwingsfergunning - Ek as mear oerheden belutsen binne by in plan, aktiviteit of projekt. Jo hoege noch mar ien fergunning oan te freegjen.
  • Binnen acht wiken nei oanfraach (ynstee fan 26 wiken).

Wêrom is de Omgevingswet nedich?

Sûnt 1810 binne in protte ferskillende wetten en regels makke foar de bûtenromte, lykas foar boaiem, wetter, wegen, miljeu, monuminten, natuer, lûd en nijbou. Dizze wetten binne net allinnich yngewikkeld; se sprekke elkoar soms ek tsjin en der wurde meardere termen brûkt wylst itselde bedoeld wurdt. De losse regels en wetten behinderje ek faak de ûntwikkeling fan ynnovative, duorsume inisjativen. Dêrom wurde 26 wetten en in pear hûndert regelingen op it mêd fan de libbensomjouwing ferienfâldige en bondele yn ien Omgevingswet.

Wa giet der oan de slach mei de Omgevingswet?

Eins wy allegear!


Ynwenners, Undernimmers en oerheden binne tegearre ferantwurdlik foar de kwaliteit en ûntwikkeling fan ús libbensomjouwing. Gemeenten lizze yn harren omjouwingsplannen net alles mear oant yn detail fêst, sa't dat earder yn bestimmingsplannen wol dien waard. Troch plannen globaler te beskriuwen ûntstiet romte foar inisjatyfnimmers om harren plannen út te wurkjen. Sy moatte dêr yn bepaalde situaasjes wol eventuele belanghawwenden by belûke (partisipaasje). De gemeente krijt dan in mear advisearjende en toetsende rol.

Wat merk ik fan de Omgevingswet?

Ynwenners merke miskien yn earste ynstânsje neat fan de Omgevingswet. Mar as jo wat ferbouwe wolle oan jo hûs of tún en jo freegje in fergunning oan, dan giet dat aanst oars as earder. Jo sykje de regels op yn in nij online loket, it Omjouwingsloket. Yn dat loket kinne jo kontrolearje oft jo in fergunning nedich hawwe of in melding dwaan moatte. Jo kinne dêr ek fuortendaliks de fergunning oanfreegje of de melding dwaan.
De Omgevingswet soarget der ek foar dat jo meiprate kinne oer de Omgevingswet, it Omjouwingsplan en Untwikkelperspektiven yn jo gemeente. En oer inisjativen by jo yn de buert. Dat kin no ek al, mar de Omgevingswet stimulearret dat jo aktiver benadere wurde om mei te tinken.

Wat betsjut partisipaasje yn de Omgevingswet?

It is wichtich om betiid yn petear te gean oer (fer)bouplannen. Oft it no giet om plannen fan de oerheid, in ûntwikkelder of fan jo of jo buorlju. Jo kinne aktyf oer dizze plannen meiprate, of oare oplossingen en kreative ideeën oandrage. Dat neame wy partisipaasje.

Yn de Omgevingswet steane regels oer partisipaasje foar inisjativen en ûntwikkelingen yn de stêd. En as jo in fergunning oanfreegje, moatte jo as inisjatyfnimmer oanjaan oft jo jo buorlju en bewenners yn de omjouwing by jo plannen belutsen hawwe, hoe't jo dat dien hawwe en wat de útkomst is.

Wat betsjut de Omgevingswet foar my as Undernimmer?

De nije Omgevingswet foeget ûnder oare de Wet romtlike oardering, de Wetterwet en de Krisis- en herstelwet gear. Undernimmers krije mei dizze wet te krijen as sy wat feroarje wolle yn de ‘fysike omjouwing’. It giet dan bygelyks om bouprojekten, in besteand pân ferbouwe of in nije bedriuwsaktiviteit starte yn in besteand pân. 

Op it Undernimmersplein fan de KVK fine jo alle relevante ynformaasje foar jo as ûndernimmer.

Klik hjir om nei it Undernimmersplein te gean. 

Downloads

Fragen?

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

 

Gemeente Opsterlân