De ynhâld is laden.

Logo Gemeente Opsterlân
Logo Gemeente Opsterlân

Sport en sûnens

Sûn Opsterlân

Gemeente Opsterlân hat him yn 2018 ferbûn oan Jongeren op Sûn Gewicht, dêrmei wol de gemeente in ympuls jaan oan inisjativen dy't rjochte binne op previnsje. 

In sûnere kantine? Besykje it ris!

It doel fan de 'Sûnere Kantine' is om by (sport)kantines yn Opsterlân de sûne kar de maklike kar wêze te litten en (sport)ferienings te stimulearjen sûner iten en drinken oan te bieden. Yn in kantine dy't ek sûnere produkten oanbiedt, meitsje minsken makliker in sûnere kar. 

Lokaal sportakkoard

Bewege is goed foar de minske. It lokaal sportakkoard is in oantal ôfspraken tusken sportpartners en de gemeente, wêrby't ynset wurdt op lokale gearwurking en ferbining mei it doel om úteinlik mear minsken yn beweging te krijen en te hâlden.

Beweegteam

It beweegteam is der foar elkenien. It beweegteam helpt minsken dy't it lestich fine om te gean sporten en bewegen. Elkenien yn de gemeente kin meidwaan: Opsterlân yn beweging!

Folwoeksenenfûns Sport & Kultuer

De gemeente Opsterlân fynt it wichtich dat alle ynwenners meidwaan kinne oan sport en kultuer. Dêrom is it Volwassenenfonds start. Dit fûns makket it foar ynwenners fan de gemeente Opsterlân dy't it finansjeel net breed hawwe, mooglik om te sporten of kultuer te beoefenjen.

SAM (finansjele stipe bernaktiviteiten)

De gemeente Opsterlân fynt it wichtich dat alle ynwenners meidwaan kinne oan sport en kultuer. Dêrom is it Volwassenenfonds start. Dit fûns makket it foar ynwenners fan de gemeente Opsterlân dy't it finansjeel net breed hawwe, mooglik om te sporten of kultuer te beoefenjen.

Meitsje in ôfspraak

Wolle jo in ôfspraak meitsje? Jo kinne dat hjirûnder dwaan, en dêrby sels de dei en it tiidstip bepale. 

Meitsje direkt online in ôfspraak

Gemeente Opsterlân