Toerist
De gemeente Opsterlân leit yn 'e Fryske Wâlden en hat in lânskip mei bosken, heide, greiden, kanalen, fean- en natuergebieten. Troch de protte mooglikheden om te kuierjen, farre en genietsje fan 'e natuer is de gemeente in moai en ûntspannen plak om te besykjen.

Oer Opsterlân
De gemeente Opsterlân leit midden yn de Fryske Wâlden yn it súdeasten fan Fryslân. It Opsterlânske lânskip mei bosk, heide, natuergebieten, greide, kanalen en feangebieten is unyk yn de regio. Dit lânskip yn kombinaasje mei rêst, romte en in goede berikberens fia A7 en N381 makket Opsterlân ta in tige oantreklike wen- en rekreaasjegemeente.
Moaie lânskippen, rêst en romte, leefberens, in goede berikberens, in soad rekreative mooglikheden, keunst en kultuer: dát is Opsterlân. Fierder falt hjir ek in soad te learen en te witten oer Opsterlân as gemeente; nim ris in kijkje!


Wat te dwaan yn Opsterlân?
Opsterlân is in gemeente dy't in soad biedt oan toeristen en minsken dy't der in dei op út wolle. Sa kinne jo in soad rûtes rinne, fytse of ride. Of besjoch de farrûtes en oare mooglikheden foar aktiviteit op it wetter. Fierder stiet de aginda ek fol mei keunst en kultuer en leuke eveneminten.
Klik op de ûndersteande knop 'Lês fierder' om derachter te kommen wat der te dwaan is yn Opsterlân.
Doarpen
Gemeente Opsterlân bestiet út 16 doarpen, dêr't ús hast 30.000 ynwenners ferspraat oer wenje. De gemeente hat in grûngebiet fan 23.000 hektare, mei in fariearre lânskip.
Toeristysk Ynformaasje Punt (TIP)
By de Toeristyske Ynformaasje Punten (TIP) kinne jo terjochte foar kaartmateriaal, brochures, leuke ideeën foar in dei út, de ferkeap fan souvenirs en it beantwurdzjen fan fragen.

Besykje it oare Fryslân
It Oare Fryslân is in gearwurking tusken de fiif gemeenten yn Súdeast-Fryslân:
Opsterlân, It Hearrenfean, Eaststellingwerf, Smellingerlân en Weststellingwerf.
Tegearre wurkje sy oan it promoaten fan dizze bysûndere regio, dy't him ûnderskiede wol fan de bekendere gebieten lykas de Alvestêden en de Waad.
Praktyske ynformaasje
As toerist yn gemeente Opsterlân spylje der faak fragen oer praktyske ynformaasje lykas:
- Wêr kinne jo parkeare?
- En hoefolle kostet parkeare?
- Wannear binne de brêgen en slûzen iepen en ticht?
- En hoe goed binne gemeente Opsterlân en har doarpen berikber?
It antwurd op dizze fragen lêze jo op de side oer de praktyske ynformaasje.
