Kollekte
Wolle jo foar in goed doel in jildkollekte of ynsammeling fan guod hâlde? Of wolle jo foar in goed doel guod hûs-oan-hûs ferkeapje? Dan hawwe jo in fergunning nedich.

Hoe wurket it?
De gemeente wol dat der net tefolle kollektes tagelyk plakfine. Yn in lanlik kollekteroaster stiet wannear't der kollektes binne. De gemeente sjocht oft jo kollekte past yn it lanlike rooster.
By grutte lanlike aksjes toetst de gemeente jo oanfraach oan it advys fan it Sintraal Buro Fûnsynsamling (CBF). By it CBF kinne jo it lanlik kollekteroaster ynsjen. Sjoch foarôf yn it kollekteroaster en bepaal dan pas de datum foar it kollektearjen of ynsammeljen.
Wolle jo kontrolearje oft in bepaalde kollektewike noch beskikber is? Nim dan kontakt op mei it publyksintrum.
Wat moat ik dwaan?
Freegje de fergunning oan by de gemeente. It is ferstannich jo oanfraach minimaal acht wiken fan tefoaren yn te tsjinjen.
Yn jo oanfraach moatte jo oantoane dat jo it ynsammele jild op in ferantwurde wize oan it neamde doel besteegje sille.
