Wet iepen oerheid

De Wet Iepen Oerheid (Woo), dy't per 1 maaie 2022 de Wet Iepenbierheid fan Bestjoer (Wob) ferfongen hat, regelet jo rjocht op ynformaasje fan de oerheid.

Op grûn fan de Wet Iepen Oerheid hawwe minsken tagong ta in soad ynformaasje oer it bestjoer fan ryk, provinsjes en gemeenten. It útgongspunt fan de wet is dat oerheidsynformaasje iepenbier is, útsein as de frege ynformaasje net geskikt is om iepenbier makke te wurden. Op dy manier kinne minsken mear ynsjoch krije yn it oerheidshanneljen en better meidwaan oan de demokrasy en de oerheidsbeslútfoarming.

Woo-fersyk

Elkenien kin in fersyk dwaan ta iepenbiering fan bepaalde oerheidsynformaasje: it Woo-fersyk. De oerheid hoecht net alle ynformaasje iepenbier te meitsjen. Yn artikel 5.1 en 5.2 fan de Woo stiet wannear't bepaalde ynformaasje net ferstrekt wurdt. Sa wurdt bygelyks ynformaasje net ferstrekt as dat de ienheid fan de Kroan of de feiligens fan de Steat yn gefaar bringe soe of as it giet om fertroulike bedriuws- en fabrikaazjegegevens en persoansgegevens. Ek kin it ferstrekken fan ynformaasje ûnder oare efterwege bliuwe yn ferbân mei de earbiediging fan de persoanlike libbenssfear, de opspoaring en ferfolging fan strafbere feiten en de befeiliging fan persoanen en bedriuwen.

Yntsjinjen fan in Woo-fersyk

Hoewol't jo in Woo-fersyk ek mûnling yntsjinje kinne, kinne jo dat it bêste dwaan per e-mail (gemeente@opsterland.nl) of per post:

 Gemeente Opsterlân
Kollege fan boargemaster en wethâlders
Postbus 10.000
9244 ZP Beetsterzwaag
o.f.f. Woo-fersyk

Opfreechbere ynformaasje

De Woo is net bedoeld foar it beäntwurdzjen fan fragen. Hawwe jo in fraach, nim dan kontakt mei ús op. In Woo-fersyk is ek net bedoeld foar it opfreegjen fan dokuminten dy't al iepenbier binne. Hjirûnder folgje in pear foarbylden. Op termyn sil de gemeente mear ynformaasje aktyf publisearje op grûn fan de Woo.

· Fergunningen. Dizze binne te finen op https://www.officielebekendmakingen.nl/.

· Romtlike plannen, lykas bestimmingsplannen. Dizze binne te finen op https://www.ruimtelijkeplannen.nl/

· Riedsstikken en troch it kolleezje oan de gemeenteried stjoerde stikken. Dizze binne te finen yn it riedsynformaasjesysteem.

· Belied en regeljouwing. Gean hjirfoar nei http://www.overheid.nl

· Ynformaasje oer perseelsgrinzen, wenningwearden, akten en eigendomsgegevens fan wenningen en gebouwen. Dizze ynformaasje is te krijen by it Kadaster.

· Ynformaasje oer bedriuwen. Hjirfoar kinne jo terjochte by de Keamer fan Keaphannel.

· Ynformaasje út ús iepenbiere gemeenteargyf. Sjoch dêrfoar dizze side foar mear ynformaasje.

De behanneling fan jo Woo-fersyk

It kin wêze dat de meiwurker dy't ynhâldlik belutsen is by it ûnderwerp fan jo Woo-fersyk kontakt mei jo opnimt om it Woo-fersyk mei jo te besprekken. Ek kin it wêze dat jo frege wurdt om jo fersyk fierder te spesifisearjen/te ferdúdlikjen.

Beslistetermyn

De beslistetermyn op in Woo-fersyk is fjouwer wiken. Dy termyn kin mei twa wiken ferlinge wurde as it giet om in omfangryk of kompleks fersyk. Dêr ûntfangt jo dan berjocht fan. De beslistetermyn kin ek ferlinge wurde as de frege ynformaasje ek oer persoanen of bedriuwen bûten de gemeente giet. Dy oaren wurdt dan earst frege om in eachpunt yn te tsjinjen. Dêr ûntfangt jo dan ek berjocht fan.

Kosten

Der binne gjin kosten ferbûn oan it yntsjinjen fan in Woo-fersyk. As jo de frege ynformaasje net digitaal ûntfange wolle, mar op papier, kinne der wol kosten yn rekken brocht wurde foar it meitsjen fan kopyen. Jo krije hjir dan fan tefoaren berjocht oer.

Mear ynformaasje oer de Woo

Op de webside fan de Rijksoverheid fine jo mear ynformaasje oer de Wet iepen oerheid en it yntsjinjen fan in Woo-fersyk. 

Meitsje in ôfspraak mei B en W

Wolle jo in wethâlder of de boargemaster persoanlik sprekke? Dat kin! De boargemaster en wethâlders hawwe yn harren aginda’s tiid reservearre foar dizze petearen, sadat jo yn de measte gefallen binnen twa wiken in ôfspraak meitsje kinne.

Oanfraach kolleezjespreekoer

Lycklamahûs