Besikersynformaasje gemeenteargyf

De gemeente Opsterlân beskikt oer in gemeenteargyf. It argyf jout in protte ynformaasje oer Opsterlân en har ynwenners fanôf 1616.

Jo kinne yn it gemeenteargyf terjochte foar ferskate soarten argyfûndersyk. In grut part fan de ynformaasje is iepenbier. Yn bepaalde gefallen binne der grinzen steld oan de iepenbierheid fan de stikken. As fûstregel jildt yn elts gefal dat stikken jonger as tweintich jier net iepenbier binne. Yn it argyf binne njonken oerheidsdokuminten ek inkele partikuliere argiven opnommen.

  • It gemeenteargyf is allinnich op ôfspraak te besykjen. Jo kinne hjirûnder in ôfspraak meitsje fia ús publyksintrum.

Meitsje in ôfspraak

Wolle jo in ôfspraak meitsje? 

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Argyfmappen

Tariven gemeenteargyf

It brûken fan it gemeenteargyf is fergees. Foar neispeuring troch ús meiwurkers of it meitsjen fan kopyen jildt in fêst taryf.

Kosten argyfûndersyk

As der argyfûndersyk foar jo dien wurdt of argyfstikken nei jo tastjoerd wurde, betelje jo leges kosten (plus eventuele kopiear- en/of skankosten).

  • Foar it opsykjen fan dokuminten betelje jo € 27,50 de kertier of in diel dêrfan.

Kopiearje of skenne

Eventueel makke kopyen wurde apart yn rekken brocht. Foar it digitaal ferstrekken fan gegevens dy't al digitaal beskikber binne wurde gjin kosten rekkene. 

Kopiear- en skankosten

De kopiear- en skankosten foar fêstgoedynformaasje (dokuminten út bouwdossiers) binne:

  • A0 (84 sm x 118 sm): € 12,65
  • A1 (59 sm x 84 sm): € 10,55
  • A2 (42 sm x 59 sm): € 8,40
  • A3 (30 sm x 42 sm): € 2,10
  • A4 (21sm x 30 sm): € 1,75

Foar oare argyfdokuminten binne de kopiear- en skankosten:

  • Scan A0, A1 en A2: € 2,75
  • Scan A3: € 1,50
  • Scan A4: € 0,74
  • Kopy A4: €1,05

Argyf bou- en wenningtafersjoch

Fan hast alle pannen yn Opsterlân dy't boud of ferboud binne nei sawat 1905 binne boufergunningen oanwêzich. Dizze kinne jo ynsjen, bygelyks as jo sels fan doel binne te ferbouwen. Ek is it mooglik fan de oanwêzige tekeningen kopyen op grut formaat meitsje te litten. 

Stambeamûndersyk

Wolle jo yn it gemeenteargyf Sykje nei mear ynformaasje oer stambeamûndersyk, it befolkingsregister of akten fan de boargerlike stân? Op de webside www.allefriezen.nl binne ek in protte akten fan de Boargerlike stân te finen. Foar Opsterlân stiet it ûndersteande hjirrop:

  • Berte 1811 - 1912
  • Houliken 1811 - 1932
  • Akten fan ferstjerren 1811 - 1962

Frysk Histoarysk Letterkundich Sintrum 'Tresoar'

Hawwe jo ynformaasje nedich op it mêd fan histoarysk en genealogysk ûndersyk? Dan kinne jo by it Frysk Histoarysk Letterkundich Sintrum 'Tresoar' telâne.

Ynventarissen

De ynventarissen fan de gemeente Opsterlân kinne jo hjir online ynsjen.

Dizze argiven binne yn te sjen by ús gearwurkjende gemeente yn OWO-ferbân, de gemeente Weststellingwerf yn Wolvegea.

Besikersreglemint argyf

By in earste argyfûndersyk wurdt jo in besikersreglemint útrikt. Dit kinne jo hjir online ynsjen.

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen? 

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân