Gemeenteargyf fan Opsterlân
De gemeente Opsterlân beskikt oer in gemeenteargyf. It argyf jout in protte ynformaasje oer Opsterlân en har ynwenners fanôf 1616.
Jo kinne yn it gemeenteargyf terjochte foar ferskate soarten argyfûndersyk. In grut part fan de ynformaasje is iepenbier. Yn bepaalde gefallen binne der grinzen steld oan de iepenbierheid fan de stikken. As fûstregel jildt yn elts gefal dat stikken jonger as tweintich jier net iepenbier binne. Yn it argyf binne njonken oerheidsdokuminten ek inkele partikuliere argiven opnommen.
