Subsydzjes en regelingen
De gemeente Opsterlân stelt foar inisjativen/aktiviteiten dy't passe binnen de beliedsdoelstellings fan de gemeente in finansjele bydrage beskikber. Dizze finansjele bydrage wurdt subsydzje neamd.

De Algemiene subsydzjefoarskriften
De gemeente hat foar subsydzjes in basisdokumint makke dêr't de algemiene regels foar subsydzjes yn steane. Dit dokumint neame wy de Algemiene subsydzjeferoardering. Wolle jo dit dokumint goed trochleze foardat jo in subsydzjeoanfraach yntsjinje?
Subsydzjefoarskriften
Foar in tal inisjativen/aktiviteiten is bepaald dat dy subsydzje krije kinne. Hjirfoar is regeljouwing opsteld. Dizze regeljouwing stiet yn in subsydzjefoarskriften. Yn dizze subsydzjefoarskriften stiet ûnder oare foar hokker inisjativen/aktiviteiten in subsydzje oanfrege wurde kin, wa't de subsydzje oanfreegje kin en hokker ynformaasje dêrfoar nedich is.
Mei-inoar meitsje wy it ferskil!
Geane jo in subsydzje oanfreegje? Wy noegje jo út om dizze fjouwer kearnpunten dêryn mei te nimmen:
- Elkenien docht mei
- Wy sjogge nei elkoar om
- Wy hawwe each foar natuer en miljeu
- Sûnens fine wy wichtich
Sa kinne wy tegearre wurkje oan in sûner, ynklusiver en griener Opsterlân. Mear witte hjirfan? Download de PDF mei mear ynformaasje.
Iepenstelde subsydzjeregelingen
Hjirûnder fine jo de subsydzjeregelingen dy't op dit stuit iepensteld binne:
