Subsydzjeregeling kompensaasje ûnreplik-goedbelesting (ozb)
It kolleezje hat besletten om yn de perioade 2023-2026 de oan sportfoarsjennings en doarpshuzen opleine ûnreplikguodbelestingen (ozb) te fergoedzjen yn de foarm fan in subsydzje. Dit is in útwurking fan de ambysje út it koälysjeakkoart.
Daliks regelje

Mear ynformaasje oer de subsydzjeregeling:
Betingsten
De gemeente Opsterlân kin subsydzje ferstrekke:
- oan in sportfoarsjenning, ta kompensaasje fan de kosten fan de oer it belestingjier 2023-2026 betelle ûnreplikguodbelestingen oangeande de sportakkommodaasje;
- oan in doarpshûsorganisaasje, ta kompensaasje fan de kosten fan de oer it belestingjier 2023-2026 betelle ûnreplikguodbelestingen oangeande it doarpshûs.
Goed om te witten
- De subsydzje wurdt útslutend ferstrekt as de ferskuldige oanslach ûnreplikguodbelesting folslein foldien is.
- Hawwe jo mei ús ôfsprutsen dat wy it eignersdiel fan de ozb betelje, dan ûntfange jo allinnich subsydzje oer it brûkersdiel ozb. Jo hoege it eignersdiel ozb net earst oan ús te beteljen.
- By de oanfraach wurdt sjoen nei de fêststelde kritearia yn de 'Subsydzjeregeling kompensaasje ûnreplikguodbelestingen Opsterlân 2023 oant en mei 2026'
Oanfraach
Daliks regelje
Wolle jo foar jo sportfoarsjenning of doarpshûs in kompensaasje oanfreegje oer de betelle ûnreplikguodbelesting yn it belestingjier 2023-2026? Folje dan it formulier 'Oanfraach subsydzje kompensaasje ozb' yn (boppe-oan dizze side ûnder it kopke 'Daliks regelje').
Tink derom!
- It digitale oanfraachformulier 'Oanfraach subsydzjeregeling kompensaasje ozb' moat úterlik op 1 oktober ynlevere wurde. Oanfragen dy't nei 1 oktober ûntfongen wurde, wurde net honorearre.
Downloads
Formulier oanfraach subsydzjeregeling kompensaasje OZB 2023-2026 & Mienskiplike tekenfoech:
- Lês foar Oanfraach subsydzjeregeling kompensaasje ozb 2023-2026 mei ReadSpeaker docReader
- Lês foar Mienskiplike tekenfoech mei ReadSpeaker docReader
In dokumint downloade en iepenje
Jo kinne in pdf-bestân iepenje yn ferskate PDF-lêzers, lykas Adobe Reader.
