Global Goals

De gemeente Opsterlân is sûnt augustus 2019 in Global Goals-gemeente. Mei de titel Global Goals-gemeente lit de gemeente sjen dat sy duorsume ûntwikkelingsdoelstellings foar in leefbere, feilige en duorsume leefomjouwing wichtich fynt en hjir in bydrage oan leverje wol. Yn it koälysjeakkoart binne in tal ûntwikkelingsdoelstellings opnommen. De kommende jierren sille de doelen yn tanimmende mate weromkomme en ek mear sichtber wurde yn de gemeente.

Wat binne de Duorsume Untwikkelingsdoelstellings?

Op 25 septimber 2015 hawwe 193 wrâldlieders har ferbûn oan 17 doelen om wrâldwiid by te dragen oan duorsume ûntwikkeling. Dizze doelen foar duorsume ûntwikkeling, better bekend as de Sustainable Development Goals (SDG’s) of Global Goals,  waarden unanym oannommen troch alle lidsteaten en foarmje foar de perioade oant 2030 in wichtige mienskiplike duorsumensaginda.

Net allinnich ynternasjonaal, mar just op lokaal nivo binne in protte fan de duorsume ûntwikkelingsdoelen ferweve yn de opjeften fan gemeenten. De spesifike ynset fan gemeenten is ûnmisber om't in protte fan de doelen raakflakken hawwe mei opjeften fan lokale oerheden. Tink oan it weromkringen fan ûngelikens, goed ûnderwiis, in noflike en feilige leefomjouwing, duorsume produksje en konsumpsje en sirkulêre ekonomy. Alle 17 Global Goals befetsje subdoelen dy't direkt of yndirekt te krijen hawwe mei it wurk fan Nederlânske gemeenten.

Mear witte?

Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan The Global Goals.

The Global Goals  

Flaggen
Global Goals, sjoch tekstuele beskriuwing ûnder ôfbylding
Ofbylding: Sustainable Development Goals: Wrâlddoelen foar duorsume ûntwikkeling. De doelen binne: 1. Utbannen fan alle foarmen fan (ekstreme) earmoede 2. Ein oan honger, soargje foar fiedselsekerheid en duorsume lânbou 3. Sûnenssoarch foar elkenien 4. Ynklusyf, lykweardich en kwalitatyf ûnderwiis foar elkenien 5. Gelikense rjochten foar manlju en froulju en empowerment fan froulju en famkes 6. Skjin wetter en sanitêre foarsjenningen foar elkenien 7. Tagong ta betelbere en duorsume enerzjy foar elkenien 8. Ynklusyf, ekonomyske groei, wurkgelegenheid en fatsoenlik wurk foar elkenien 9. Ynfrastruktuer foar duorsume yndustrialisaasje 10. Ferminderje ûngelikens binnen en tusken lannen 11. Meitsje stêden feilich, fearkrêftich en duorsum 12. Duorsume konsumpsje en produksje 13. Oanpak klimaatferoaring 14. Beskermje en duorsum gebrûk fan de oseanen en seeën 15. Beskermje fan ekosystemen, bosken en biodiversiteit 16. Befoarderje fan feiligens, publike tsjinsten en rjocht foar elkenien 17. Fersterkje fan it mondiaal partnerskip om doelen te berikken

Meitsje in ôfspraak

Wolle jo in ôfspraak meitsje? Jo kinne dat hjirûnder dwaan, en dêrby sels de dei en it tiidstip bepale. 

Meitsje direkt online in ôfspraak

Lycklamahûs