Advysried Sosjaal Domein
De advysried foar it sosjaal domein yn Opsterlân advisearret de gemeente oer alderhande ûnderwerpen dy't te krijen hawwe mei sosjale sekerheid, helpferliening en stipe. Dat dogge se op fersyk fan de gemeente of út harsels.
Jo kinne dan tinke oan ûnderwerpen as: help by opfiedingsproblemen en skulden mar ek oan finansjele stipe en mooglikheden om as âldere langer thús wenje te kinnen. Dit binne foarbylden, de advysried hat in breed wurkterrein.
Meitsje jo gebrûk fan ien of meardere regelingen fan de gemeente dy't ta it sosjaal domein hearre? Dan heart de advysried graach wat jo ûnderfining is mei helpferliening en stipe fanút de gemeente Opsterlân. Dat kin fansels posityf wêze of krekt negatyf. De advysried komt graach mei jo yn kontakt. Mear ynformaasje oer de advysried fine jo op www.adviesraadsociaaldomeinopsterland.nl.