Trafomeldingen
Om oan de groeiende fraach nei enerzjy te foldwaan wurdt it tal transformatorstasjons (Trafo's) yn de gemeente útwreide. Dat betsjut dat der aanst mear saneamde ‘elektrisiteitshûskes’ yn de iepenbiere romte sichtber binne. Op dizze side wurdt de aktuele stân fan saken oangeande de grûnferkeap foar transformatorstasjons werjûn.
In ferdûbeling fan it tal húskes
Netbehearder Liander stiet foar in enoarme útdaging om it leechspanningsnet te fersterkjen. Dit is nedich sadat húshâldings en lytse ûndernimmingen útwreidzje en ferduorsumje kinne. Tink hjirby oan laadmooglikheden foar elektryske auto's, it pleatsen fan sinnepanielen of it realisearjen fan in waarmtepomp. Hjirfoar wurdt it besteande tal elektrisiteitshúskes yn de kommende jierren hast ferdûbele. Liander skat yn dat it yn Opsterlân om sa'n 250 húskes giet.
Nette ôfwurking of griene ôfskerming
De lokaasje fan in elektrisiteitshúske is ôfhinklik fan de lokale ûndergrûnske netstruktuer. Der kin dêrtroch mar beheind skood wurde mei it plak dêr't it húske komt. Dit betsjut dat it yn de praktyk soms net oars kin as in húske tichtby wenten te pleatsen. Mei de ôfwurking fan it húske (kleur, doar, roasters) of mei keunst wurdt de ynfloed op de romtlike kwaliteit beheind. Yn guon situaasjes wurdt der sels foar keazen om de húskes ôf te skermjen mei grien.
De gemeente toetst soarchfâldich
It pleatsen fan in húske is fergunningsfrij. Dat betsjut dat omwenners net yn beswier gean kinne. Wol is der tastimming nedich fan de gemeente. De – troch Liander foarstelde lokaasje – wurdt troch de gemeente toetst. Dêrby wurdt ûnder oare sjoen nei it útsjoch foar omwenners, berikberens, ferkearsfeiligens en besteande beammen.
Liander is ferantwurdlik
Liander is as netbehearder úteinlik ferantwurdlik foar it pleatsen en behearen fan elektrisiteitshúskes. Fanút Liander jilde der in tal technyske- en feilichheidsregels foar it pleatsen. Dit hat benammen te krijen mei de lokaasje fan de ûndergrûnske kabels en de ôfstân ta de oanslutings dy't troch it transformatorhúske fieden wurde sille. Liander ynformearret omwenners foarôf mei in brief. De lokaasjes dêr't Liander fan doel is in húske te pleatsen, wurde publisearre yn de Sa. Mear ynformaasje is te finen op de webside fan Liander.
Glêsfezel
Der binne twa bedriuwen aktyf (west) foar de oanlis fan glêsfezel yn Opsterlân. Ek dizze bedriuwen hawwe trafo's ynstallearre op kocht grûn. Dit betreft Kabelnoord en DELTA Fiber.
Didam
Yn ferbân mei de útspraak fan de Hoge Ried op 26 novimber 2021, neamd it Didam-arrest, sille fan 17 maaie 2022 ôf nije boukavels foar wenningbou, bedriuwskavels en ferkeap/ferhier/pacht fan grûn fia in nije proseduere ôfhannele wurde. Nei it iepenbier meitsjen op de gemeentlike side fan de Sa! en op de gemeentlike webside fan earderneamde kavels sil by ynteresse fan meardere partijen in lotting fia in folmachtich notaris plakfine. De betingsten fan de proseduere steane op de webside fan de gemeente Opsterlân (kenmerk Izaak 0086121196).
Alle publikaasjes oer nijboukavels en ferkeap/ferhier/pacht fan grûn binne te rieplachtsjen fia ús webside en de lokale wykblêd de Sa!.
Foarnimmen ferkeap grûn/grienstripen foar Trafo's
De gemeente Opsterlân is fan doel om in ferkeapoerienkomst te sluten foar de ûndersteande perselen:
| Kavel | Oerflak | Publikaasjedatum |
|---|---|---|
| grûn foar trafo by Geawei 3 yn Nij Beets, kadastrale gemeente Beetstersweach, seksje E, nûmer 72 (foar in part) | Sawat 22 m2, | 4 desimber 2025 |
Kinne jo jo net fine yn dizze ferkeap en binne jo fan betinken dat jo ek as gadingmakker yn oanmerking komme moatte foar keap, dan kinne jo yn in perioade fan trije wiken nei publikaasje fan dit berjocht dit kenber meitsje by de gemeente Opsterlân fia e-mail grondverkoop@opsterland.nl of per brief rjochte oan frou W. Huisman, adres Haadstrjitte 82, 9244 CR Beetsterzwaag.
Ferfaltermyn
As uterlik trije wiken nei de datum fan dizze publikaasje gjin beswieren ûntfongen binne, dan sil de gemeente oergean ta ferkeap oan de gadingmakker, op grûn fan dy besibbe bepalingen, ûnfoarweardlik en kinne der gjin oanspraken tsjin de gemeente oangeande it ûnderhavige foarnimmen ta ferkeap fan dizze grûn makke wurde. De hjirfoar neamde termyn fan trije wiken is in ferfaltermyn.
Situaasjesketsen
- Lês foar Bylage Geawei 3 Nij Beets mei ReadSpeaker docReader
- Lês foar Siegerswâld - 30 juny 2025 mei ReadSpeaker docReader
- bijlage_iii_tek_case_0303005_b_wapstrastrjitte_1_to_gorredijk_-_station_0_109_907.pdfLês foar bijlage_iii_tek_case_0303005_b_wapstrastrjitte_1_to_gorredijk_-_station_0_109_907.pdf mei ReadSpeaker docReader(PDF, 206,5 kB)
- Lês foar bijlage_iv_tek_case_0304219_paradys_11ac_langezwaag-station_0_111_120.pdf mei ReadSpeaker docReader
- Lês foar 26 febrewaris 2025 - Mientewei De Gordyk mei ReadSpeaker docReader
In dokumint downloade en iepenje
Jo kinne in pdf-bestân iepenje yn ferskate PDF-lêzers, lykas Adobe Reader.
