Húsregels
Wy helpe jo graach en wy wolle it kontakt mei jo sa noflik mooglik ferrinne litte. Wy fine de feilichheid fan ús meiwurkers tige wichtich. Dêrom hawwe wy in tal hûsregels.
Yn it gemeentehûs jilde de folgjende hûsregels
Wy helpe jo graach en wolle dat it kontakt noflik ferrint. Feilichheid is dêrby wichtich – foar jo én foar ús meiwurkers. Dêrom hawwe wy hûsregels.
- Skrieme, skelle of diskriminearje mei net. Jo meie ek gjin spullen smite, dingen stikken meitsje, of minsken lestichfalle of bedriigje.
- Jo meie oaren net op in ferfelende wize oanreitsje of geweld brûke.
- Jo meie gjin wapen by jo hawwe.
- Smoke of ûnder ynfloed wêze fan alkohol of drugs mei net.
- Jo meie gjin bisten meinaam nei binnen, útsein in hulphûn.
- As jo spullen fan de gemeente beskeadigje, kinne jo dêrfoar oanspraaklik steld wurde.
- Jo meie allinnich yn ôfskerme romten komme as in meiwurker jo tastimming jout of jo meinaam.
- Jo binne sels ferantwurdlik foar jo spullen. De gemeente is net ferantwurdlik foar skea, ferlies of diefstal.
- Jo meie gjin foto’s of filmkes meitsje sûnder tastimming fan de persoanen dy't derop steane.
Wat bart der as jo jo net oan de regels hâlde?
As jo jo net oan de regels hâlde, freegje wy jo it gebou te ferlitten. Geane jo net frijwillich fuort? Dan belje wy de plysje. Wy kinne ek oanjefte dwaan.
Dizze regels jilde foar alle gebouwen en terreinen fan de gemeente Opsterlân.