Kontakt

Jo kinne online saken regelje of oanfreegje. Langskomme by it Publykssintrum kin allinnich op ôfspraak. Njonken skilje of in e-mail of brief stjoere, kinne jo ek jo fraach stelle fia de Chat, WhatsApp of Facebook.

Meitsje in ôfspraak

It Publykssintrum is allinnich op ôfspraak iepen. Wolle jo in ôfspraak meitsje? Jo kinne dat hjirûnder dwaan, bepaal dêrby sels de dei en it tiidstip. 

Meitsje direkt online in ôfspraak

Flaggen Opsterland

Publykssintrum

Skilje (0512) 386 222 of 14 0512

Telefonyske iepeningstiden

  • Moandei o/m tongersdei 09.00 - 17.00 oere
  • Freed 09.00 - 13.30 oere
  • Bûten de telefonyske iepeningstiden wurde jo trochskakele nei de kalamiteitenline

Chat

Jo kinne tidens telefonyske iepeningstiden ek chatte mei de gemeente fia de knop 'Hawwe jo in fraach?' loftsûnder op de webside. Dizze is allinnich sichtber tidens telefonyske iepeningstiden.

WhatsApp

WhatsApp mei de gemeente fia 06 12 64 51 55. Wy besykje sa gau mooglik te reagearjen en uterlik binnen 24 oeren. 

Let op: Ferstjoer nea privacygefoelige gegevens, lykas jo burgerservicenûmer (BSN), bankrekkennûmers of foto's fan identiteitskaarten of paspoarten fia WhatsApp. De gemeente freget en ferstjoert nea privacygefoelige ynformaasje fia WhatsApp. As útwikseling fan dat soarte ynformaasje nedich is, kom dan del of stjoer ús in mail (feilich maile kin fia Zivver). Yn ús privacyferklearring lêze jo mear oer hoe't de gemeente Opsterlân soarchfâldich om giet mei jo gegevens.

E-mail en webcare

Stel jo fraach online fia:

Wolle jo in berjocht befeilige ferstjoere nei ús gemeente? Of hawwe jo in grut bestân dat jo ús tastjoere wolle? Lês mear oer it feilich ferstjoeren fan bestannen mei Zivver.

Post

  • Postbus 10.000 9244 ZP BEETSTERZWAAG
  • Faks 0512 381 875

Jo kinne guon post fan de gemeente Opsterlân ek digitaal yn de Berjochtenbox fan MijnOverheid ûntfange.

Gebietsteam

Hawwe jo fragen oer soarch, ynkommen en stipe?

Nim dan kontakt op mei it Gebietsteam

Iepeningstiden

Tink derom: op woansdei 7 jannewaris is it gemeentehûs om 15.00 oere sletten. Freed 9 jannewaris is it gemeentehûs ticht. Dit yn ferbân mei de waarsomstannichheden. 

Wy binne eltse wurkdei op ôfspraak iepen. 

Feestdagen

Tink derom: op earste en twadde krystdei, nijjiersdei, de dei nei nijjiersdei Goede Freed, twadde peaskedei, Keningsdei, Befrijingsdei, Himelfeartsdei, de dei nei Himelfeart en twadde pinksterdei binne wy sletten.

Dizze wike
moandei-
tiisdei-
woansdei-
tongersdei--
freed-
sneonSletten
sneinSletten
Folgjende wike
moandei-
tiisdei-
woansdei-
tongersdei--
freed-
sneonSletten
sneinSletten
Gemeente Opsterlân

Yn it gemeentehûs jilde de folgjende hûsregels

Hûsregels gemeente Opsterlân

Wy helpe jo graach en wolle dat it kontakt noflik ferrint. Feilichheid is dêrby wichtich – foar jo én foar ús meiwurkers. Dêrom hawwe wy hûsregels.

  1. Skrieme, skelle of diskriminearje mei net. Jo meie ek gjin spullen smite, dingen stikken meitsje, of minsken lestichfalle of bedriigje.
  2. Jo meie oaren net op in ferfelende wize oanreitsje of geweld brûke.
  3. Jo meie gjin wapen by jo hawwe.
  4. Smoke of ûnder ynfloed wêze fan alkohol of drugs mei net.
  5. Jo meie gjin bisten meinaam nei binnen, útsein in hulphûn.
  6. As jo spullen fan de gemeente beskeadigje, kinne jo dêrfoar oanspraaklik steld wurde.
  7. Jo meie allinnich yn ôfskerme romten komme as in meiwurker jo tastimming jout of jo meinaam.
  8. Jo binne sels ferantwurdlik foar jo spullen. De gemeente is net ferantwurdlik foar skea, ferlies of diefstal.
  9. Jo meie gjin foto’s of filmkes meitsje sûnder tastimming fan de persoanen dy't derop steane.

Wat bart der as jo jo net oan de regels hâlde?

As jo jo net oan de regels hâlde, freegje wy jo it gebou te ferlitten. Geane jo net frijwillich fuort? Dan belje wy de plysje. Wy kinne ek oanjefte dwaan.

Dizze regels jilde foar alle gebouwen en terreinen fan de gemeente Opsterlân.

Besykadres

Gemeente Opsterlân
Haadstrjitte 82
9244 CR  BEETSTERZWAAG

Rûtebeskriuwing

Efter it gemeentehûs is in iepenbier parkearterrein. Oan it begjin fan dit parkearterrein fine jo oan de linkerkant in pear parkearplakken reservearre foar besikers.

Op dit plak stiet in kaart fan in eksterne webside. Mooglik pleatst dizze webside Cookies. Troch op de knop te klikken akseptearje jo dizze Cookies en wurdt de kaart toand.