Post fan de gemeente digitaal ûntfange?

Wisten jo dat jo guon post fan de gemeente Opsterland digitaal yn de Berjochtenbox fan MijnOverheid ûntfange kinne? Miskien brûke jo MijnOverheid al foar oare post fan it regear. Miskien binne jo der ek hielendal nij mei. Wy fertelle jo graach wat de mooglikheden binne.

Wat is de Berjochtenbox?

De Berjochtenbox is in persoanlike brievenbus dêr't jo as ynwenner post fan it regear digitaal ûntfange kinne. Yn de Berjochtenbox kinne jo al langer post fan organisaasjes lykas de Belestingtsjinst, RDW en UWV ûntfange en no dus ek fan ús. Handich, want sa hawwe jo de post fan it regear op ien plak oersichtlik byinoar. Fansels is meidwaan oan MijnOverheid jo eigen kar: wolle of kinne jo dit net, dan hoege jo neat te dwaan en bliuwe jo de post gewoan op papier ûntfange.

Hoe ûntfang ik myn post digitaal?

Jo ûntfange post fan de gemeente net automatysk digitaal. Log dêrfoar earst yn mei jo DigiD op mijn.overheid.nl en gean akkoard mei it ûntfangen fan post fan de gemeente Opsterland. Dit kinne jo op 2 manieren dwaan:

  • Nei it ynloggen krije jo in melding dat der nije organisaasjes oan MijnOverheid tafoege binne sûnt jo lêste besite. It kin wêze dat de gemeente Opsterland der by jo tusken stiet. Jo kinne dan klikke op ‘Ja, ik gean dermei akkoard dat ik fan dizze organisaasjes post yn myn Berjochtenbox ûntfange kin, en dus net mear op papier’.
  • Jo kinne nei it ynloggen yn MijnOverheid ek klikke op ‘Ynstellings’ en dêrnei by ‘Organisaasjes Berjochtenbox’ de gemeente Opsterland oanfinkje.

Hokker post kin ik digitaal ûntfange?

Net alle post fan de gemeente is al digitaal beskikber. Wy rjochtsje ús earst op de gemeentlike belestingsoanslaggen en wreidzje dit stadichoan út mei bygelyks meldingen dat jo paspoart of rydbewiis hast ferrint.

Hoe wit ik oft der in nij berjocht is?

Jo kinne de Berjochtenbox fia jo mobyl rieplachtsje as jo de spesjale Berjochtenbox App downloade. Jo fine de app yn de Apple App Store en Google Play Store. De app jout jo ienfâldich tagong ta jo berjochten en stjoert jo aktyf meldingen as der nije post is. Sa misse jo neat dus. Wolle jo de app net brûke? Jo kinne ek in e-mailnotifikaasje ynstelle yn MijnOverheid. Dit dogge jo by ‘Ynstellings’. Soargje derfoar dat ûnder ‘Meldingen’ it skowke ‘Melding by in nij berjocht yn de Berjochtenbox’ oan stiet. Jo ûntfange dan in e-mail sadree't der in nij berjocht foar jo klearstiet.

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

of sjoch op mijn.overheid.nl 

Gemeente Opsterlân