Subsydzjeregeling Foar ús Doarp
Wolle jo as Pleatslik Belang, stifting of feriening in aktiviteit organisearje om de leefberens en/of sosjale gearhing fan it doarp te fergrutsjen? Folje dan it oanfraachformulier ‘Oanfraach Subsydzjeregeling Foar ús Doarp 2025' yn. Mooglik komme jo yn oanmerking foar dizze subsydzje.
Daliks regelje

Betingsten
Om yn oanmerking te kommen foar in subsydzje jilde der in tal betingsten:
- It inisjatyf hat as doel it stimulearjen fan de leefberens en/of sosjale gearhing yn de buert, wyk en/of doarp yn de gemeente Opsterlân.
- It inisjatyf is rjochte op ien of mear fan de folgjende doelen:
- Fernijende inisjativen, fan-ûnder-op inisjearre, dy't liede ta strukturele en positive feroaring fan de leefberens en wenkwaliteit yn de buert, wyk of doarp;
- Inisjativen dy't de vitaliteit, partisipaasje of sosjale kohesy yn buert, wyk of doarp fersterkje of bydrage oan it behâld dêrfan;
- It aktivearjen fan bewenners en it fersterkjen fan de belutsenheid by de eigen leefomjouwing.
- De subsydzje bedraacht 40% fan de kosten foar de útfiering fan it inisjatyf, oant in maksimum fan € 2.500.
- Dizze subsydzjeregeling ferfalt op 31 desimber 2026 of as de hichte fan it subsydzjeplafond berikt is.
Mear ynformaasje
