Subsydzje ûnderhâld boartersark
De boarterstúnkommisjes binne ferantwurdlik foar it behear en de eigen finânsjes. De gemeente stelt jierliks per boarterstún in fêste subsydzje beskikber dêr't de boarterstúnkommisjes oanspraak op meitsje kinne.
Daliks regelje

Betingsten
- In beskriuwing fan 'e betingsten is te finen yn it beslút oer regels oangeande it behear fan boartersplakken yn Opsterlân.
Goed om te witten
- De boarterstúnkommisjes binne ferantwurdlik foar it behear fan de eigen finânsjes.
- De subsydzje ûnderhâld boartersark bedraacht € 250,- de boarterstún.
It oanfraachformulier moat rjochtsjildich ûndertekene wurde. As jo as rjochtspersoan de oanfraach yntsjinje, betsjut dit dat jo oanfraach ûndertekene wêze moat troch alle fertsjintwurdigings foechhawwende bestjoerders fan jo rjochtspersoan.
Oanfraach
Daliks regelje
Wolle jo in subsydzje oanfreegje foar boartersark? Folje dan it formulier 'Oanfraach subsydzje ûnderhâld boartersark' yn (boppe-oan dizze side ûnder de kop 'Daliks regelje').
Tink derom: it formulier 'Oanfraach subsydzje ûnderhâld, boartersark' kin jierliks yntsjinne wurde, doch dit foar 1 desimber.
Downloads
In dokumint downloade en iepenje
Jo kinne in pdf-bestân iepenje yn ferskate PDF-lêzers, lykas Adobe Reader.
