Startersliening
Starters in kâns jaan op de keapwenningmerk, fynt de gemeente Opsterlân tige wichtich. Dêrom biede wy de Startersliening oan. Dêrby wurkje wy gear mei it Stimuleringsfûns Folkshúsfêsting Nederlânske gemeenten (SVn).
Daliks regelje
As der in Startersliening foar jo beskikber is, dan kinne jo in oanfraach hjirfoar digitaal yntsjinje by SVn
Kinne jo de oanfraach net digitaal dwaan, nim dan kontakt op mei SVn fia telefoan (088) 253 94 00. Sy helpe jo graach persoanlik fierder.

De Startersliening; in stypke yn de rêch by jo earste keapwenning
De Startersliening follet it ferskil op tusken de priis fan it hûs en it bedrach dat de starter maksimaal liene kin by de bank. De Startersliening is altyd in oanfolling op in earste hypoteek by in oare jildferstrekker. In hûs dat ûnbetelleber liket, kin sa soms tóch kocht wurde.
Startersliening en Kombinaasjefinansiering
De Startersliening bestiet út twa dielen: In (box 1) diel dat annuïteitêr ôflost wurdt. En in (box 3) diel dat oprint: de Kombinaasjefinansiering.
Foar de Startersliening en Kombinaasjefinansiering hawwe starters de earste trije jier gjin moanlikse lêsten. De ôflossing fan de Startersliening wurdt de earste trije jier ‘betelle’ mei de Kombinaasjefinansiering. De Kombinaasjefinansiering rint dêrtroch de earste trije jier altyd op. Nei dizze perioade fan trije jier wurde (yn prinsipe) rinte en ôflossing betelle. Op it momint dat de folsleine rinte en/of ôflossing betelle wurdt, wurde beide lieningdielen tagelyk ôflost.
As it ynkommen fan it húshâlden ûnfoldwaande is, kin in hertoets oanfrege wurde. As it ynkommen op in hertoetsmomint yndie ûnfoldwaande is, betellet de starter in moanlikse lêst dy’t wol past by it ynkommen fan syn húshâlden. Mear ynformaasje oer de hertoetsmooglikheden fine jo op www.svn.nl/hertoets.
Wat binne de kosten?
Ofslutkosten, boarchtochtprovisy NHG en notarisearringskosten. Nei trije jier (mooglike) kosten foar in hertoets. Mear witte? Sjoch op de side fan SVN.
Betingsten gemeente Opsterlân
De oanfraach, de finansjele toets dy’t bepaalt oft jo yndie yn oanmerking komme foar de Startersliening en it ferstrekken fan de liening wurde troch SVn fersoarge. Wy hawwe betingsten opsteld dêr’t jo oan foldwaan moatte om foar de Startersliening yn oanmerking te kommen. De Startersliening is útslutend fan tapassing op lieningoanfragen:
- Fan yn Nederlân wenjende en ferbliuwsgerechtigde persoanen fan 18 jier en âlder, dy’t op it momint fan de oanfraach net yn it besit binne fan in keapwenning, dit ek net earder west hawwe en dy’t selsstannich in hierwenning of wenienheid bewenje dan wol ynwenjend binne;
- Foar it oanskaffen fan in besteande keapwenning yn Opsterlân wêrfan’t de kosten foar it krijen yn eigendom (oanskafkosten) fan de wenning net heger wêze meie as € 250.000,00;
- Foar it oanskaffen fan in nijbou keapwenning yn de gemeente Opsterlân, wêrfan’t de kosten foar it krijen yn eigendom (oanskafkosten) fan de wenning net heger wêze meie as € 250.000,00;
- De oanfreger moat de wenning dêr’t in Startersliening foar ferstrekt wurdt sels bewenje.
Op de Startersliening fan de gemeente Opsterlân binne de bepalingen fan de Feroardering Startersliening Opsterlân fan tapassing. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders hat op 6 febrewaris 2024 besletten de maksimale oanskafkosten foar sawol besteande as nijbou keapwennings te ferheegjen nei €250.000.
Mear ynformaasje
Sjoch foar mear ynhâldlike ynformaasje op www.svn.nl/leningen/Opsterland/Starterslening. Hawwe jo algemiene fragen oer it oanfraachproses of de liening, dan kinne jo kontakt opnimme mei SVN fia telefoan (088) 253 94 00.
Fragen?
Hawwe jo fragen of wolle jo witte oft der in Startersliening beskikber is?
