Subsydzjeregeling Tegemoetkoming Enerzjykosten Maatskiplike Organisaasjes

Hawwe jo yn 2022, 2023 en/of 2024 te krijen hân mei hege enerzjykosten, en hat jo organisaasje te krijen (hân) mei in eksploitaasjetekoart yn 2022, 2023 en/of 2024? Dan kinne jo in oanfraach yntsjinje foar in tegemoetkoming yn de hege enerzjykosten. Fol it oanfraachformulier ‘Oanfraach Tegemoetkoming Enerzjykosten Maatskiplike Organisaasjes’ yn. Mooglik komme jo yn oanmerking foar de subsydzje. Lês de subsydzjeregeling goed troch, foardat jo subsydzje oanfreegje.

Betingsten

Om yn oanmerking te kommen foar in subsydzje jilde der in tal betingsten:

  • de oanfreger is in privaatrjochtlike rjochtspersoan sûnder winsteachmerk dy't statutêr fêstige is yn de gemeente Opsterlân en aktiviteiten ferrjochtsje op it mêd fan musea, doarpshuzen, keunst en kultuer, bibleteken, tropyske kassen, tsjerken of sport;
  • de enerzjykosten dêr't subsydzje foar oanfrege wurdt, hawwe betrekking op in lokaasje yn de gemeente Opsterlân dy't gjin ûnderdiel útmakket fan in wenning en komme foar rekken fan de oanfreger;
  • de subsydzje bedraacht maksimaal de subsydzjebere kosten, berekkene oan de hân fan it beskikber stelde rekkenmodel;
  • de subsydzje bedraacht foar in bepaalde subsydzjebere perioade (2022, 2023 en/of 2024) teffens maksimaal it eksploitaasjetekoart oer dy perioade;
  • der wurdt gjin subsydzje ferstrekt as de subsydzje minder bedraacht as € 250,-;
  • freegje jo in subsydzje oan oer 2023, mar binne jo jierrekken en/of enerzjytariven oer 2023 noch net bekend, dan ûntfange jo oer 2023 in foarskot fan 75%;
  • freegje jo in subsydzje oan oer 2024, mar binne jo jierrekken en/of enerzjytariven oer 2024 noch net bekend, dan ûntfange jo oer 2024 in foarskot fan 75%;
  • de definitive subsydzje oer 2022 en/of 2023 wurdt yn 2024 fêststeld;
  • de definitive subsydzje oer 2024 wurdt yn 2025 fêststeld;
  • dizze subsydzjeregeling trêdet op 1 augustus 2023 yn wurking;
  • in oanfraach moat ûntfongen wêze yn de perioade fan 1 augustus 2023 oant en mei 31 maart 2025;
  • dizze subsydzjeregeling ferfalt op 31 desimber 2025 of as de hichte fan it subsydzjeplafond berikt is.

Lês de folsleine kritearia op:

Subsydzjeregeling Tegemoetkoming Enerzjykosten Maatskiplike Organisaasjes Opsterlân 

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân