Iepen subsydzjeoanfraach

Wolle jo subsydzje oanfreegje by de gemeente? Sjoch dan earst oft jo aktiviteit oanslút by in subsydzjeregeling. Slút jo aktiviteit net direkt oan? Freegje dan jo subsydzje oan fia in Iepen oanfraach subsydzje.

Hawwe jo in jierliks weromkommende subsydzje freegje dan ek jo subsydzje oan fia in Iepen oanfraach subsydzje.

Subsydzjeregelingen

De gemeente Opsterlân hat foar in tal inisjativen/aktiviteiten bepaald dat dy subsydzje krije kinne. Hjirfoar is regeljouwing opsteld, dizze regeljouwing stiet beskreaun yn in subsydzjeferoardering.

Yn dizze subsydzjeferoardering stiet û.o. beskreaun foar hokker inisjativen/aktiviteiten in subsydzje oanfrege wurde kin, wa't de subsydzje oanfreegje kin en hokker ynformaasje dêrfoar nedich is.

Oanfraach

Daliks regelje

Slút jo aktiviteit net direkt oan op de iepenstelde subsydzjeregelingen? Doch dan in iepen subsydzjeoanfraach. Fol hjirfoar it formulier 'Iepen oanfraach subsydzje' yn (boppe-oan dizze side ûnder it kopke 'Daliks regelje'). Us subsydzjekoördinator sjocht dan oft de gemeente wat foar jo betsjutte kin. 
 

Mear ynformaasje

Hawwe jo fragen oer subsydzjes? 

Nim kontakt op mei de subsydzjekoördinator

Gemeente Opsterlân