Subsydzje Kultuereveneminten Opsterlân
Wolle jo in lokale of bopperegionale aktiviteit/evenemint organisearje op it mêd fan kultuer? Dan kinne jo Subsydzje Kultureveneminten Opsterlân oanfreegje.
Betingsten
De Subsydzjeregeling Kultureveneminten Opsterlân is bedoeld foar it stypjen fan inisjativen dy't soargje foar:
- in fernijend en breder kultueroanbod yn de gemeente Opsterlân;
- de fersterking fan de kulturele ynfrastruktuer yn de gemeente;
- in bydrage oan de promoasje fan de gemeente en de oantreklikens foar de eigen ynwenners en besikers fan bûten de gemeente.
Oanfraach
Daliks regelje
Ofhinklik fan it doel en de omfang kin de subsydzjeregeling op twa manieren oanfrege wurde.
Oanfraach Lokale aktiviteiten/eveneminten
Kulturele ferienings en ynstellings dy't op basis fan harren doelstelling in lokaal evenemint organisearje, kinne dêrfoar in subsydzje fan maksimaal € 1.000,00 ûntfange per aktiviteit.
It oanfreegjen fan subsydzje foar in aktiviteit kin yn twa oanfraachperioades:
- oanfraachperioade 1: foar aktiviteiten dy't plakfine yn de perioade fan 1 jannewaris oant en mei 30 juny, moat de oanfraach ûntfongen wêze fan 1 septimber oant uterlik 31 oktober dêrfoarôfgeand;
- oanfraachperioade 2: foar aktiviteiten dy't plakfine yn de perioade fan 1 july oant en mei 31 desimber, moat de oanfraach ûntfongen wêze fan 1 maart oant uterlik 30 april dêrfoarôfgeand.
Per oanfreger kinne meardere aktiviteiten per oanfraachperioade oanfrege wurde. In oanfraach komt allinnich foar subsydzje yn oanmerking, as dizze foldocht oan ien fan de toetsingskritearia neamd yn artikel 5 fan de subsydzjeregeling Kultureveneminten Opsterlân 2024.
It kolleezje beslist binnen fjouwer wiken nei it ein fan de yn it twadde lid neamde oanfraachperioades oer de yntsjinne subsydzjeoanfragen.
In subsydzjeoanfraach kin útslutend yntsjinne wurde mei in troch it kolleezje fêststeld digitaal oanfraachformulier. Allinnich oanfraachformulieren dy't folslein ynfolle binne en binnen de oanfraachperioade ûntfongen binne, wurde yn behanneling nommen.
De subsydzjeplafonds foar de yn artikel 6 en 6a (subsydzjeregeling Kultureveneminten Opsterlân) neamde aktiviteiten wurde jierliks troch it kolleezje fêststeld, wêrby't ek in ferdieling per oanfraachperioade bepaald wurdt.
Oanfraach Bopperegionale aktiviteiten/eveneminten
Dizze oanfraachproseduere is bedoeld foar grutte(re) aktiviteiten/eveneminten.
Kulturele ferienings en ynstellings dy't in bopperegionaal evenemint organisearje, kinne dêrfoar in subsydzje ûntfange fan 40% fan de subsydzjeberne kosten, oant in maksimum fan € 5.000,00 de evenemint.
It oanfreegjen fan subsydzje foar in aktiviteit kin yn twa oanfraachperioades:
- oanfraachperioade 1: foar aktiviteiten dy't plakfine yn de perioade fan 1 jannewaris oant en mei 30 juny, moat de oanfraach ûntfongen wêze fan 1 septimber oant uterlik 31 oktober dêrfoarôfgeand;
- oanfraachperioade 2: foar aktiviteiten dy't plakfine yn de perioade fan 1 july oant en mei 31 desimber, moat de oanfraach ûntfongen wêze fan 1 maart oant uterlik 30 april dêrfoarôfgeand.
It kolleezje beslist binnen fjouwer wiken nei it ein fan de yn it twadde lid neamde oanfraachperioades oer de yntsjinne subsydzjeoanfragen.
In subsydzjeoanfraach kin útslutend yntsjinne wurde mei in troch it kolleezje fêststeld digitaal oanfraachformulier. Allinnich oanfraachformulieren dy't folslein ynfolle binne en binnen de oanfraachperioade ûntfongen binne, wurde yn behanneling nommen.
De subsydzjeplafonds foar de yn artikel 6 en 6a (subsydzjeregeling Kultureveneminten Opsterlân) neamde aktiviteiten wurde jierliks troch it kolleezje fêststeld, wêrby't ek in ferdieling per oanfraachperioade bepaald wurdt.
Oanpak
Foar de 'Oanfraach Subsydzje Kulturele Eveneminten – Lokaal en Bopperegionaal' binne der yn 't jier twa oanfraachperioades.
- oanfraachperioade 1: foar aktiviteiten dy't plakfine yn de perioade fan 1 jannewaris oant en mei 30 juny, moat de oanfraach ûntfongen wêze fan 1 septimber oant uterlik 31 oktober dêrfoarôfgeand;
- oanfraachperioade 2: foar aktiviteiten dy't plakfine yn de perioade fan 1 july oant en mei 31 desimber, moat de oanfraach ûntfongen wêze fan 1 maart oant uterlik 30 april dêrfoarôfgeand.
Goed om te witten
Yn de Subsydzjeregeling Kulturele Eveneminten Opsterlân steane yn detail de betingsten en de maksimale hichte fan de subsydzje beskreaun.
De subsydzjeregeling is net bedoeld foar:
- oanfragen foar in 'mienskips'-aktiviteit (doarpsfeest, Keningsdei, ensfh.)
- oanfragen fan in net-kulturele feriening of –ynstelling (sportferienings, doarpsbelangen, ûndernimmingen, rekreaasje-/toeristyske ynstellings, ûnderwiis, ensfh.)
- oanfragen foar in kommersjeel evenemint, mei in kulturele ynstek (bygelyks popkonserten en –festivals)
Tips
Soms is in fergunning nedich foar it hâlden fan in aktiviteit.
Lês mear oer in evenemintefergunning
Foarbyldbegrutting
Mear ynformaasje
Hawwe jo fragen oer kulturele saken of fragen oer it oanfreegjen fan subsydzje foar kultuer?
Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum
Of meitsje gebrûk fan it 'Kontaktformulier kultuer'.

