Beswierproseduere Kolleezje

Op dizze side fine jo ynformaasje oer hoe't jo beswier meitsje kinne tsjin in beslút fan de gemeente Opsterlân. 

Beswier meitsje

Binnen seis wiken nei publikaasje kinne jo (en oaren) tsjin in beslút beswier meitsje. Hawwe wy it beswierskift net binnen dizze seis wiken ûntfongen, dan is de mooglikheid om beswier te meitsjen yn prinsipe foarby. Dit betsjut dat it beswierskift dan net yn behanneling nommen wurdt.

Yn it beswierskift moatte opnommen wurde:

  • jo namme en adres;
  • de datum wêrop't jo it beswierskift ferstjoere;
  • it beslút dêr't jo beswier tsjin meitsje (stjoer in kopy dêrfan mei);
  • de redenen wêrom't jo beswier meitsje;
  • jo hantekening.

Jo beswierskreaun stjoere jo nei:

  • Boargemaster en wethâlders fan Opsterlân,
  • f.a.n. sekretaris beswierkommisje
  • Postbus 10.000
  • 9244 ZP Beetsterzwaach

Jo kinne ek digitaal beswier meitsje. Dit kin fia www.opsterland.nl/beswier-meitsje. Jo hawwe hjirfoar DigiD nedich.

Wierskynlik sille jo en oare belutsenen útnûge wurde om tidens in sitting jo respektivelik harren miening ta te ljochtsjen. Dit wurdt 'hearre' neamd. It 'hearre' bart troch in ûnôfhinklike kommisje. Jo krije hjirfan fan tefoaren berjocht.

Beslút op jo beswierskreaun

It beslút op jo beswierskreaun kinne jo yn prinsipe binnen 12 wiken nei ôfrin fan de beswiermastermyn ferwachtsje.

Direkt berop by de rjochter

As jo de beswierproseduere net folgje wolle, kinne jo ús yn jo beswierskreaun ek freegje om de saak fuortendaliks oan de rjochter foar te lizzen. As de saak him dêrta lient, sille wy it beswierskreaun en de stikken dan trochstjoere nei de rjochter. Foar sa'n direkt berop moatte jo wol grifjerjochten betelje.

Fergoeding kosten rjochtsbystân

As jo tidens de beswierproseduere kosten meitsje moatten hawwe foar it ynroppen fan rjochtsbystân en it beslút wurdt ynlutsen om't it ûnrjochtmjittich wie, kinne jo oanspraak meitsje op fergoeding fan dizze kosten. In fersyk om fergoeding fan dizze kosten moat wol dien wêze foardat op it beswierskreaun beslist is.

Utfiering beslút opskoarje

Ek as jo beswier makke hawwe, mei it beslút yn prinsipe gewoan útfierd wurde. It kin wêze dat dit ûnherstelbere gefolgen foar jo hat. Jo kinne de gemeente dan fersykje om de útfiering fan it beslút op te skoarjen.

Jo kinne ek de rjochter freegje om in 'foarriedige foarsjenning'. Dit is in spesjale regeling foar de perioade dat wy it beswierskreaun noch yn behanneling hawwe. De rjochter kin dêrby beslisse dat de útfiering fan it beslút foarriedich opskood wurdt. Sa'n útspraak wurdt in skorsing neamd. De rjochtbank bringt jo foar it yn behanneling nimmen fan in fersyk om in foarriedige foarsjenning grifjerjochten yn rekken.

Jo fersyk om in foarriedige foarsjenning stjoere jo, mei in kopy fan jo beswierskreaun, nei:

  • Presidint fan de rjochtbank Noard-Nederlân, ôfdieling bestjoersrjocht
  • Postbus 150
  • 9700 AD Grins

Fierdere ynformaasje

Mear ynformaasje kinne jo downloade fia de webside fan de Rijksoverheid.

Mear ynformaasje

Hawwe jo fragen of stipe nedich? 

Nim dan kontakt op mei it Gebietsteam

Gemeente Opsterlân