Subsydzje Europeesk Sosjaal Fûns (ESF)

Gemeente Opsterlân hat Europeesk subsydzjejild (Europeesk Sosjaal Fûns) krigen om minsken mei in kwetsbere arbeidsmerkposysje troch begelieding oan it wurk te helpen.

De subsydzje is foar

  • Minsken dy't in útkearing hawwe
  • Jongerein (jonger as 28 jier)
  • Net-útkearingsrjochtigen (gjin wurk of gjin útkearing)
  • Minsken mei in langduorjende sykte, oandwaning of -handikap
  • Flechtling mei ferbliuwsstatus

De gemeente Opsterlân wol dat elkenien de kâns kriget om te wurkjen. It makket net út wêr't jo wei komme of wa't jo binne.

Mei-inoar oan de slach yn Fryslân 2024 – 2025

Gemeente Ljouwert is sintrumgemeente foar arbeidsmerkregio Fryslân en hat de ESF-subsydzje oanfrege ûnder de namme Mei-inoar oan de slach yn Fryslân 2024 – 2025. Dizze oanfraach is dien yn gearwurking mei oare gemeenten, wêrûnder gemeente Opsterlân.  

Mear witte?

Stjoer in mail nei werkeninkomen@opsterland.nl of 

nim kontakt op mei it Publykssintrum

Mear ynformaasje

Hawwe jo fragen oer subsydzjes? 

Nim dan kontakt op mei de subsydzjekoördinator

Gemeente Opsterlân