Subsydzjes & Fûnsen

Hawwe jo in moai inisjatyf foar jo (sport)feriening, buert of doarp en binne jo op syk nei finansjele middels? Op dizze side fine jo, neist de subsydzjeregelingen fan de gemeente Opsterlân, in oersjoch fan subsydzjeregelingen en fûnsen binnen de provinsje Fryslân en yn Nederlân. Om jo op wei te helpen hawwe wy in oersjoch makke.

Hawwe jo help nedich by it oanfreegjen? Dan kinne jo in berop dwaan op it doarpsteam, Streekwurk (Iepen Mienskipfûns) of Doarpswurk.

It skriuwen fan in goed projektplan

In goed projektplan is nedich om subsydzje oan te freegjen en fûnsen te werven. De teloarstelling is grut wannear't in projekt gjin finansiering kriget om't it projektplan net foldocht. De BOKD hat hjirfoar in helpdokumint skreaun om jo op wei te helpen. Klik hjir om dizze te downloaden.

It Iepen Mienskipsfûns hat ferskate helpdokuminten beskikber steld foar it skriuwen fan in goed plan foar in fûnsaanfraach. Dizze kinne jo hjir downloade:

Subsydzjemooglikheden gemeente Opsterlân

Foar ús Doarp

De subsydzjeregeling Foar ús Doarp hat as doel it stimulearjen fan de leefberens en sosjale gearhing yn de doarpen en wiken fan de gemeente Opsterlân. De subsydzje kin ferstrekt wurde oan Pleatslike Belangen en oare ferienings of stiftings dy't fêstige binne yn de gemeente en har ynsette foar de leefberens en/of sosjale gearhing yn de doarpen.

Mear witte oer de subsydzjeregeling

Ynisjatyf iepenbiere romte

De tiid dat de gemeente bepaalt wat goed is foar har ynwenners, leit fier efter ús. De lêste jierren sjogge wy hieltyd mear inisjativen yn de maatskippij ûntstean. In inisjatyf yn de iepenbiere romte is in idee foar in oanpassing of ferbettering fan de leefomjouwing. Wichtich is dat jo sels bydrage kinne. Dat kin gean om jild, mar ek om ‘hantsjes’ of ‘materiaal’. Tink hjirby bygelyks oan it oanlizzen en ûnderhâlden fan plantebakken oan lantearnepeallen of it ynsiedzjen fan ‘wylde bermen’. As der genôch draachflak is foar in inisjatyf, tinke wy graach mei. 

Mear witte oer 'Ynisjatyf yn de iepenbiere romte'

Tegemoetkoming Enerzjykosten Maatskiplike Organisaasjes

Hawwe jo yn 2022 en/of 2023 te krijen hân mei hege enerzjykosten, en hat jo organisaasje te krijen (hân) mei in eksploitaasjetekoart yn 2022 en/of 2023? Dan kinne jo in oanfraach yntsjinje foar in tegemoetkoming yn de hege enerzjykosten.

Mear witte oer tegemoetkomming 

Subsidieregeling ferduorsuming maatskiplik fêstgoed Opsterlân

Binne jo fan doel om ferduorsummingsmaatregels te realisearjen foar in doarpshûs, sportferiening of swimbad? Of hawwe jo miskien ferduorsummingsmaatregels realisearre fan 1 jannewaris 2022 ôf? Mooglik komme jo yn oanmerking foar de subsydzje. 

Mear ynformaasje oer de subsydzjeregeling 

Subsydzjeregeling kompensaasje ozb

It kolleezje hat besletten om yn de perioade 2023-2026 de oan sportfoarsjennings en doarpshuzen opleine ûnreplikguodbelestingen (ozb) te fergoedzjen yn de foarm fan in subsydzje. Dit is in útwurking fan de ambysje út it koälysjeakkoart. 

Mear ynformaasje oer de subsydzjeregeling

Subsydzjeregeling Kultuer Eveneminten Opsterlân

Wolle jo in aktiviteit of evenemint organisearje op it mêd fan kultuer? Dan kinne jo Subsydzje Kultuer Eveneminten Opsterlân oanfreegje. 

Mear ynformaasje oer de subsydzjeregeling

Subsydzje âldjiersaktiviteit

Organisearje jo in âldjiersaktiviteit? Wolle jo as doarpsferiening, jeugdsoos of oare ynstânsje in jierwikselfeest yn de âldjiersnacht organisearje, dan kinne jo in subsydzjeoanfraach yntsjinje. De gemeente Opsterlân stelt dit soarte inisjativen bysûnder op priis. 

Mear ynformaasje oer de subsydzjeregeling

Subsydzje ûnderhâld boartersark

De boarterstúnkommisjes binne ferantwurdlik foar it behear en de eigen finânsjes. De gemeente stelt jierliks per boarterstún in fêste subsydzje beskikber dêr't de boarterstúnkommisjes oanspraak op meitsje kinne. 

Mear ynformaasje oer de subsydzjeregeling. 

Doarpsbudzjetten

Alle jierren krije alle Pleatslike Belangen in bydrage fan de gemeente Opsterlân wêrmei't de doarpen frijheid krije om nei eigen ynsichten projekten en aktiviteiten dy't de leefberens yn it doarp fersterkje en boargerpartisipaasje fergrutsje te stypjen. De hichte fan it doarpsbudzjet bedraacht € 3000,- en dêrby € 1,- de ynwenner. Wolle jo in oanfraach dwaan, nim dan kontakt op mei Pleatslik Belang yn jo doarp.

Lokale fûnsen

P.W. Janssen’s Fryske Stifting

De stifting hat as doel by te dragen oan de befoardering fan de kulturele folksûntwikkeling yn de provinsje Fryslân en earne oars. Dêrneist stipet it projekten op it mêd fan maatskiplik en sosjaal wolwêzen, kultuer en restauraasjes en it behâld fan monumintaal erfgoed. De stifting draacht net by oan yndividuele oanfragen of foar dekking fan eksploitaasjetekoarten. Klik hjir foar mear ynformaasje.

Meindersma-Sybenga Stifting

De stifting jout bydragen oan ynstellings dy't wurkje oan it behâld fan natuergebieten, monumintesoarch, restauraasje fan tsjerken en oargels en oan ynstellings dy't in algemien maatskiplik belang neistribje. Klik hjir foar mear ynformaasje.

Van Teyens Fundaasje

De doelstelling fan de Van Teyens Fundaasje is it yn stân hâlden fan de besittings, it Fundaasjehûs en de famyljegraven om dêrnei de ynkomsten dy't hjirút ûntsteane te besteegjen oan inisjativen (op it mêd fan soarch, wolwêzen/maatskippij, kultuer, natuer/lânskip & miljeu) wêrfan't it effekt in maatskiplik belang foar de ynwenners fan de gemeente Opsterlân hat. De Van Teyens Fundaasje stipet algemien nut beëagjende organisaasjes en ynstellings (al dan net mei in formele "ANBI"-status), wurksum op tsjerklik, sosjaal, maatskiplik en medysk mêd, yn tsjinst fan de fersoarging, húsfesting, sûnenssoarch, wolwêzen en oare libbensbehoeften fan ynwenners fan de hjoeddeistige gemeente Opsterlân en neiste omjouwing. Klik hjir foar mear ynformaasje.

LEADER Súdeast-Fryslân

Mei yngong fan 2024 is LEADER Súdeast-Fryslân fan start gien. LEADER hat as doel in moai en leefber plattelân mooglik te meitsjen. It is in Europeesk subsydzjeprogramma foar it fersterkjen fan it plattelân. Ynwenners bepale sels wat wichtich is foar de leefberens. LEADER stipet projekten fan ûnderop, dy't troch ynwenners, ûndernimmers en organisaasjes opset, ûntwikkele en beoardiele wurde. De maksimale bydrage is €125.000, mar is nea mear as 50% fan de totale kosten. De minimale bydrage is € 50.000. Streekwurk kin stypje by it dwaan fan in oanfraach. Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan Streekwurk

Provinsjale fûnsen

Iepen Mienskipsfûns

Yn Fryslân barst it fan de inisjativen! Fia it Iepen Mienskipsfûns stelt provinsje Fryslân jild beskikber om projekten fan ynwenners fierder te helpen. Projekten dy't bydrage oan de leefberens fan in wyk, doarp of eilân kinne yn oanmerking komme foar de subsydzje. Tink oan projekten op it mêd fan kultuer, duorsume doarpen en kultuerhistoarje en lânskip. Klik hjir foar mear ynformaasje.

Lânlike fûnsen

Univé Buertfûns

Makket jo mei jo idee jo leefomjouwing moaier of feiliger? Dwaan jo dit tegearre mei jo buorlju, sadat elkenien yn jo buert derfan profitearje kin? Univé Buertfûns stipet lytsskalige projekten mei bliuwend effekt. Dit kin barre mei advys, praktyske stipe of in finansjele bydrage. Wêrom? Om't elkoar helpe yn ús DNA sit! Klik hjir foar mear ynformaasje.

Rabobank Klupstipe

Mei Rabo Klupstipe biedt de Rabobank kennis, har netwurk en finansjele stipe oan klups en ferienings. Om se sterker te meitsjen, foar no en yn de takomst. Klik hjir foar mear ynformaasje.

Oranje Fûns

It Oranje Fûns stribbet dernei dat elkenien meidwaan kin oan de mienskip, sadat nimmen der allinnich foar stiet. It fûns stipet yndividuen dy't har ynsette wolle foar oaren, en docht dat mei finansjele middels, omtinken en advys. Klik hjir foar mear ynformaasje.

VSBfûns

VSBfûns stipet projekten dy't rjochte binne op it mooglik meitsjen dat elkenien meidwaan kin oan de mienskip, sûnder dat immen oan de sydline hoecht te stean. Aktyf meidwaan hâldt yn dat men diel útmakket fan in grutter gehiel, in plak hat, erkenning kriget, himsels ûntwikkelje kin en in bydrage leveret oan de mienskip. Klik hjir foar mear ynformaasje.

Kânsfûns

Kânsfûns stribbet dernei om útsluting fan kwetsbere minsken foar te kommen. Dit doel wurdt berikt troch lokale inisjativen op wei te helpen, wêryn't minsken nei elkoar omsjogge. Klik hjir foar mear ynformaasje.

Postkoadelotterij Buertfûns

It Postkoadelotterij Buertfûns is opset om buertprojekten finansjeel te stypjen, sadat dizze fluch realisearre wurde kinne. Op dy manier wurdt mei-inoar bydroegen oan it ferbetterjen fan Nederlân. Tevens hopet it fûns mear minsken te ynspirearjen om ek yn aksje te kommen. Alle yn Nederlân fêstige maatskiplike organisaasjes en inisjativen kinne in oanfraach yntsjinje foar in bydrage tusken de €500,- en €5.000,-. Klik hjir foar mear ynformaasje.

Jantsje Beton

Jantsje Beton is hét goede doel dat him sûnt 1968 tegearre mei bern en jongerein ynset foar mear en útdagender boarteromte en mear boartenskânsen. Jantsje Beton stribbet dernei dat álle bern en jongerein yn Nederlân deistich boartsje en bewege kinne. Bern moatte hieltyd mear en boartsje hieltyd minder, wylst boartsjen it wichtichste én it leukste ûnderdiel is fan in sûn libben. Klik hjir foar mear ynformaasje.