Subsidieregeling ferduorsuming maatskiplik fêstgoed Opsterlân

Binne jo fan doel om ferduorsumingmaatregels te realisearjen foar in doarpshûs, sportferiening of swimbad? Of hawwe jo miskien ferduorsumingmaatregels realisearre fan 1 jannewaris 2022 ôf? Folje dan it oanfraachformulier ‘Oanfraach Subsydzje ferduorsuming maatskiplik ûnreplik guod Opsterlân’ yn. Mooglik komme jo yn oanmerking foar de subsydzje. Lês de subsydzjeregeling goed troch, foardat jo subsydzje oanfreegje.

Betingsten

Om yn oanmerking te kommen foar in subsydzje jilde der in tal betingsten:

  • de te realisearjen maatregel hat as doel de enerzjyprestaasjes fan besteand maatskiplik ûnreplik guod binnen de gemeente Opsterlân te ferbetterjen;
  • subsydzje wurdt ferstrekt as de enerzjybesparjende maatregel(s) it maatskiplik ûnreplik guod oantoanber ferbettere hawwe;
  • de subsydzje bedraacht 40% fan de subsydzjebere kosten, oant in maksimum fan € 40.000;
  • der wurdt gjin subsydzje ferstrekt as de subsydzje minder bedraacht as € 400,-;
  • dizze subsydzjeregeling trêdet op 1 desimber 2022 yn wurking;
  • dizze subsydzjeregeling ferfalt op 31 desimber 2025 of as de hichte fan it subsydzjeplafond berikt is. 

Lês de folsleine kritearia op: 

Subsydzjeregeling ferduorsuming maatskiplik ûnreplik guod gemeente Opsterlân

Oanfraach

Binne jo fan doel om in ferduorsumingmaatregel te realisearjen foar in doarpshûs, swimbad of sportakkommodaasje? Folje dan it formulier ‘Oanfraach Subsydzje ferduorsuming maatskiplik ûnreplik guod Opsterlân’ yn (boppe-oan dizze side ûnder it kopke 'Daliks regelje'). Mooglik komme jo yn oanmerking foar in subsydzje foar it ferduorsumjen fan it maatskiplik ûnreplik guod.

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen? 

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân