Ynisjatyf yn de iepenbiere romte

De tiid dat de gemeente bepaalt wat goed is foar har ynwenners, leit fier efter ús. De lêste jierren sjogge wy hieltyd mear inisjativen yn de maatskippij ûntstean. In inisjatyf yn de iepenbiere romte is in idee foar in oanpassing of ferbettering fan de leefomjouwing. Wichtich is dat jo sels bydrage kinne. Dat kin gean om jild, mar ek om ‘hantsjes’ of ‘materiaal’. Tink hjirby bygelyks oan it oanlizzen en ûnderhâlden fan plantebakken oan lantearnepeallen of it ynsiedzjen fan ‘wylde bermen’. As der genôch draachflak is foar in inisjatyf, tinke wy graach mei.

Goed om te witten

Foar in inisjatyf yn de iepenbiere romte is it wichtich dat jo sels bydrage kinne. Dat kin gean om jild, mar ek om ‘hantsjes’ of ‘materiaal’. Tink hjirby bygelyks oan it oanlizzen en ûnderhâlden fan plantebakken oan lantearnepeallen of it ynsiedzjen fan ‘wylde bermen*’. As der genôch draachflak is foar in inisjatyf tinke wy graach mei.

* Wy fasilitearje gjin partikuliere inisjativen yn bermen en grienstroken bûten de beboude kom. Wy dogge dit om unifoarm ekologysk behear te waarboargjen en fersnippering fan ûnderhâld foar te kommen. Lytse inisjativen binne lestich te ûnderhâlden, bringe ekstra kosten mei en kinne ekologyske wearden fersteure. Dêrneist kinne wy de feiligens fan frijwilligers dy't wurkje oan it inisjatyf by 60- en 80 km-wegen net garandearje. 

Oanfraach

Hawwe jo in winsk foar ferbettering of oanpassing yn de iepenbiere romte fan jo strjitte of wyk? En kinne jo dêr sels wat yn betsjutte? Folje dan it formulier 'Ynisjatyf yn de iepenbiere romte' yn (boppe-oan dizze side ûnder it kopke 'Daliks regelje'). 

Troch it formulier 'Ynisjatyf yn de iepenbiere romte' yn te tsjinjen freegje jo by ús omtinken foar jo idee. As jo inisjatyf in kâns fan slagjen hat, wurdt der kontakt mei jo socht om te sjen hoe en wat wy realisearje kinne. Ek as it inisjatyf gjin kâns fan slagjen hat, ûntfange jo fan ús in reaksje.

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân