De ynhâld is laden.

Logo gemeente Opsterlân
Logo gemeente Opsterlân

Skatten út it argyf

It gemeenteargyf hat in grut tal bysûndere argyfstikken, wêrfan't de âldste út de santjinde iuw (1616) datearret! Hjir wurde in pear argyfskatten útljochte. Elke twa moanne pleatse wy in nij argyfstik. 

Oersjoch

  • 1868: Tentoanstelling yn Beetstersweach

    Stap werom nei it Beetstersweach fan de 19e iuw! In tiid fan spannende hurddraverijen om gouden horloazjes, prachtich fjoerwurk boppe it Lyndenbosk en feesten oant sinne-opgong. Untdek it spektakulêre ferhaal efter de tentoanstelling fan 1868.

  • 1888: Earmoedesoarch yn Opsterlân

    Earmoedesoarch yn Opsterlân om 1880 hinne: in tiid fan earmoede, krisis en stakings. De turfwinning rûn op syn ein, Domela Nieuwenhuis spruts by Nij Beets, en in protte wiene ôfhinklik fan help om te oerlibjen.

  • 1944: Evakuees yn Opsterland

    Yn 2025 fiere wy 80 jier befrijing. Frijheid is net fanselssprekkend. Yn 1944 moasten tûzenen Nederlanners flechtsje foar de oarloch. Brieven út it gemeenteargyf Opsterland litte sjen hoe't dizze opfang organisearre waard.

  • 1851: Gemeente Opsterlân yn twaen dield

    Yn Nederlân binne der ferskate gemeentlike weryndielingen útfierd. Dizze skiednis giet werom oant it begjin fan de njoggentjinde iuw. Yn 1851 bestiene der 1209 gemeenten yn Nederlân. Yn 2023 wie dit werombrocht nei 342.

  • 1866: De bestriding fan goalera

    Fan goalera oant pokken: besmetlike sykten brochten eartiids in protte leed. Ut ús gemeenteargyf dit artikel oer hoe't Opsterlân epidemyen bestried en hokker maatregels nommen waarden om ynwenners te beskermjen.

  • 1825: De oerstreaming

    Dit jier is it 200 jier lyn dat Fryslân in grutte wettersneedramp oerkaam. De stoarmfloed fan 1825, feroarsake troch in noardwesterstoarm yn kombinaasje mei springtij, heech binnenwetter en min ûnderholden diken.

  • 1759: De Gordyk krijt in nije brêge

    Gordyk is in ‘flecke’ (delsetting mei stedlike skaaimerken dy’t gjin stêd is) en ûntstien troch de turfwinning en feangraverijen. Yn 1759 fine wy yn it argyf in dokumint dat ynsjoch jout yn de oanlis fan in nije brêge yn Gordyk.

  • 1858: Hurddraverij yn Beetsterzwaag

    De hurddraverij is in hynstesport wêrby't in parkoers op snelheid ôflein wurdt. Om 1871 hinne wie de hurddraverij ien fan de trije grutte nasjonale fermeitsjes yn Hollân en Fryslân, njonken reedriden en silen.

Mear ynformaasje?

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei de ôfdieling Erfgoed