
1858: Hurddraverij yn Beetsterzwaag
De hurddraverij is in hynstesport wêrby't in parkoers op faasje ôflein wurdt troch in sulky (chais) mei hynder, mar ek wedstriden ‘ûnder de man’ kamen foar. Om 1871 hinne wie de hurddraverij ien fan de trije grutte nasjonale ferdivedaasjes yn Hollân en Fryslân, neist reedriden en silen.

Oarsprong
De oarsprong fan de hurddraverijen lei by de hynstemerken. Guon diermerken wiene tige ferneamd, en waarden troch tûzenen fan alle rangen en stannen besocht, net allinnich troch keaplju, mar ek troch foarsten en eallju. De measten kamen der net om hynders te keapjen, mar om de ferdivedaasjes te besjen. Op sokke hynstemerken wediveren de keapers mei-inoar om oan te toanen wa't it bêste hynder hie. Prizen dy't útrikt waarden troch steds- en doarpsbestjoeren moedigen dit oan. Dit kaam de populariteit fan de hynstemerken wer te'n goede. Gewoanwei waard der in sulveren roskam jûn oan dejinge dy't de measte hynders meinaam en in pear sulveren spoaren foar dejinge mei it moaiste hynder. In sulveren swipe wie de hurddraverpriis.
Folksfermaak
Doe't de hurddraverijen ienris ta folksfermaak ûntwikkele rekken, bleaune se net beheind ta allinnich de hynstemerken, mar waarden alle feesten dermei opluistere, lykas pleatslike tinkfeesten en de merke. Yn de rin fan de tiid waarden de swepen ferfongen troch oare prizen lykas kofjekannen, teepotten en alderhande oare moaie dingen dy't mei hurddraverijen en hynders neat te krijen hiene.
Hurddraverij 1858
De hurddraverij dy't yn 1858 holden waard, wie ta gelegenheid fan de lânboutentoanstelling fan de ‘9e Ofdieling fan de Maatskippij fan Lânbou’. Der waarden twa hurddraverijen organisearre op 30 juny. Oan de wedstriid op de foarmiddei, 10 oere, mochten hynders meidwaan dy't eigendom wiene fan de leden fan de Fryske Maatskippij fan Lânbou, en dy't noch neat wûn hiene. Sy koene in gouden horloazje winne. De twadde wedstriid waard holden om 15.00 oere middeis. Hjir mochten alle hynders oan meidwaan. De registraasje en keuring fan de hynders fûn plak by de hear Sytsema, herbergier op Boschlust. Yn de desennia dêrnei waarden der noch hieltyd geregeld hurddraverijen holden. Der waard jierliks in tradisjonele hurddraverij organisearre op kermis-Sneon, it slot fan de kermiswike. Ek hotel De Klok, dêr't tsjintwurdich it Sineeske restaurant fêstige is, fungearre as registraasjepunt. Fan de jierren ’50 fan de tweintichste iuw ôf naam de belangstelling foar de hurddraverijen yn Beetsterzwaag wat ôf.


