De ynhâld is laden.

Logo gemeente Opsterlân
Logo gemeente Opsterlân

1888: Earmoedesoarch yn Opsterlân

Dizze kear giet it oer de earmoedesoarch yn Opsterlân en krije wy ynsjoch yn de drege libbensomstannichheden fan in ynvalide arbeider út it lêste fearnspart fan de njoggentjinde iuw. Ein jierren 1880 is de ekonomyske krisis yn Nederlân (en de wrâld) op in djiptepunt. Boppedat rint de turfwinning yn Súdeast-Fryslân dan op syn ein. Yn 1888 en 1890 fûnen grutte feanstakings plak, yn dat lêste jier û.o. by Nij Beets mei in taspraak fan Domela Nieuwenhuis. Der wie sprake fan grutte earmoede en dus mear helpfraach fanút de befolking om selsredsum te bliuwen.

Wetjouwing en organisaasje om de earmoedesoarch hinne 

Yn 1854 trêde de Wet ta regeling fan it earmbestjoer yn wurking. Hjirmei waard regele dat it swiertepunt fan de earmoedesoarch by de tsjerken kaam te lizzen. In protte tsjerken behearden weeshuzen en gasthuzen. Earmhuzen, ek wol diakonyhuzen neamd, waarden brûkt om ûnderdak te bieden oan minsken dy't net foar harsels soargje koene. Earmoedesoarch betsjutte yn dy tiid it letterlik soargjen foar de earmen fia útdieling, it gie net om it bestriden fan earmoede. Gemeenten hiene meastentiids allinnich in oanfoljende rol.

In earmhûs bestie faak út lytse keamers, dêr't soms in hiel gesin yn wenne. Ferskate doarpen yn Opsterlân hiene sokke earmhuzen. Dy wiene ûnder oare te finen yn Beetsterzwaach (Tsjerkepaad East 18 en oan de Haadstrjitte 79, lêstneamde boud begjin njoggentjinde iuw en opheft yn 1928), Terwispel (De Streek 79), Oerterp (oan De Feart), Langezwaach en De Gordyk. Yn 1825 kocht it Joadske tsjerkebestjoer foar 250 gûne in nij boud pân yn De Gordyk oan, lizzend oan de wei op de Trimbeets ûnder Terwispel, tsjinoer it plak dêr't letter de marechausseekazerne boud wurde soe. Dit pân wie bestimd foar behoeftige gesinnen. It earmhûs yn Oerterp naam earmen út de hiele gemeente op. Guon earmhuzen rjochten har allinnich op âldere allinnesteande dames of op weesbern. 

Feroarjende rollen: tsjerken, gemeente en partikulieren

Oant 1898 hie elk doarp yn Opsterlân syn eigen, aparte earmfâdij (fol mei frijwilligers). Yn de rin fan de tiid krige ek de gemeente mear ferantwurdlikheden. Fan 1890 ôf wie der sprake fan in algemien earmbestjoer foar hiel Opsterlân. Fan dit momint ôf wiene der trije ôfdielings, dy't ûnder it algemien earmbestjoer foelen. It systeem fan de earmfâdij is te sjen as foarrinner fan wat wy no kenne as de sosjale tsjinst/WMO.   

Ferienings yn Opsterlân dy't har dwaande holden mei de earmoedesoarch wiene bygelyks de Feriening “Troch Arbeid ta ferbettering”, Ofdieling De Gordyk (oprjochte 1895), de Algemiene Earmfâdij-administraasje, dy't fan 1 jannewaris 1866 ôf de soarch foar joadske earmen op him naam, en de Jongedochters-Feriening fan de Grifformearde Tsjerke yn Lippenhuzen (oprjochte 1899). Ek partikuliere inisjativen mei it doel libbensomstannichheden te ferbetterjen, lykas de wurkferskaffing as doel hie, kenne wy fan ûnder oare woldogger P.W. Janssen. Yn Opsterlân waarden ûnder mear de folgjende wurkferskaffingsprojekten útfierd: in projekt ten súdeasten fan Nij Beets, “Arbeid Adelt” ten súdwesten fan Terwispel, “De Lange en Korte Ripen” en projekt ‘Under Wynjewâld’ fan de Trije Provinsjes. Oare ynstânsjes dy't yn gemeente Opsterlân aktyf wiene yn de earmoedesoarch wiene ûnder oare de Cornelia-stichting (oprjochte yn 1915) en de Van Teyens Fundaasje (oprjochte yn 1858).

Feroarjende fyzje op de earmoedesoarch: allinnich foar de wier behoeftigen

Troch de ûntwikkelingen yn dy tiid, lykas de yndustrialisaasje en it ûntstean fan mear wurkgelegenheid, feroare de fyzje op de earmoedesoarch. Yn 1870 waard de earmenwet oanpast: earmen dy't wurkje kinne, meie gjin gebrûk mear meitsje fan útdieling of wurkferskaffing. It goeddiedige diel dêrfan moast nei 1870 ten goede komme oan minsken dy't wier behoeftich wiene, lykas ynvaliden, siken, wezen, âlderein en allinnesteande memmen. Oaren moasten har eigen kost fertsjinje. De stipe dy't jûn waard, bestie yn 'e regel út klean, iten en medisinen, gjin jild. En krekt dat wie foar guon noch wolris lestich, sa blykt út de helpfraach fan Ebbel van der Velde en korrespondinsje yn inkele brieven.

De helpfraach fan skuonmakker Ebbel van der Velde

Ebbel van der Velde waard berne op 9 maaie 1831 yn Marum. Ebbel wie skuonmakker (ek wol arbeider neamd). Hy hie al ferskate tebeksetters yn syn libben meimakke. Yn 1872 wie syn 1-jierrich dochterke ferstoarn. Syn frou Roelfke Randel, arbeidster fan berop, ferstoar op 23 septimber 1884 yn Siegerswâld. Sy wie doe 42 jier. Yn 1889 troude syn dochter Frouke mei Benne Linting út Marum, dy't tegearre by Ebbel ynwenje kamen oant 1892.

Ebbel koe mei syn wurk net genôch rûnkomme. Dêrom frege hy yn 1888 stipe oan by de earmefoogdij fan Siegerswâld en úteinlik rôp hy ek de help yn fan de boargemaster fan Opsterlân. Ebbel wie ynvalide, koe net op syn fuotten stean en krige stipe. Hy soe ek graach jild ûntfange, sadat hy lear keapje koe foar syn skuonmakkersbedriuw. Ut syn tekst skynt troch, dat hy him wis ynsette wol om syn wurk fuort te setten, mar op dizze manier tsjinwurke wurdt. En dat it dan miskien mar better is dat hy syn wurk hielendal opjout, dan kin it doarp de hiele soarch foar him op him nimme. De earmefoogdij wiist syn fersyk dochs wer ôf, sadat hy de boargemaster om help freget. Dizze bekommeret him wis om syn lot: Ebbel soe ien fan de earst oanwiisde persoanen wêze om help te fertsjinjen, sjoen syn swiere lot. It kin wêze dat de lokale earmefoogdij noch besocht hat Ebbel ôf te skowen nei Marum, dêr't hy berne waard. Dit waard yn dy tiid wol faker dien. Ebbel ferstoar op 19 novimber 1893 yn Siegerswâld. Hy wie doe 63 jier.

Brieven

Hjirûnder de teksten út in tal brieven út 1888

Tekst fan de brief oan de earmefoogdij

Hearen earmefoogden,

Mei in pear rigels wend ik my ta jo no't de tiid wer kommen is dat ik wat lear krij. Sa soe ik graach it jild der sels foar hawwe wolle. Want as ik mei jild kom kin ik folle better lear krije, dat haw ik ûnderfûn. Want oars tinkt Van de Hoek dat it foar de earmefoogden is en docht my dan mar sa't hy wol. En sa pakt hy de winst. En ik kin dus gjin minsken tefreden stelle. Graach soe ik wolle dat it kin dat Veenstra it my dan meinaam. Sa't ik heard haw dat Lamberts Wimke it net langer hawwe wol. Sa wol ik har foar dy selde priis wol hawwe om't Froukjen dochs altyd by my thús wêze moat, dat koe sa dwaande der bêst by waarnimme. 

Jo freon.

E vd Velde

Ebbels reaksje op de ôfwizing fan de earmefoogdij

Yn de hoop dat jo Edele de goedheid hawwe meie om dizze myn rigels de Hearen Earmefoogden lêze te litten. Ik wit it net oan jo, mar wol oan harren, want sy binne derfoar oansteld om dêr't  … of help foarsjoen wurde moat dit te dwaan. 

Jo freon. E vd Velde

De Wylp de 12 febrewaris 88

Dêr't ik Jo Edele fersocht haw om jild yn stee fan in briefke om sels it lear te keapjen en sa't ik hear wurdt dit net tastien en ik wol sa gjin lear fan Vander Hoek hawwe want dan moat ik foar vd Hoek sitte te skuonmeitsjen en dy pakt de winst en jo miene dat ik der wat mei fertsjinje, mar ik, ûngelokkige man, kin der sa allinnich mar om lije. Dus as ik no oars net krije kin as in briefke dan moat ik it hawwe dat it fan Van Oosterbaan komt, want Bos wol it net dwaan. Mar ik hoopje dat dit de lêste kear is mei in briefke en sil der oars yn foarsjen want sa kin it net langer. Sels kin ik net rinne en myn dochter kin ik net misse om der altyd om te rinnen. Dus sil ik op dy manier mar net needsake wêze om in man te krijen dy't foar my rint en dat kin ik net dwaan, mar ik sil der oars yn foarsjen, net by de Hearen Earmefoogden. Mar ik gean hegerop. Ik wit wol wat der yn de Uedh omgiet, ik haw tsien jier yn tsjinst west en wit wol wat der yn myn paspoart stiet wat in ûngelokkige takomt en sil dit ris besykje. Want wêrom my dit briefke no net te stjoeren. Want no is de karre hjoed fuort en bin ik needsake om moarn ekspres in man nei Drachten te stjoeren. Want allinnich kin ik net wêze, op myn fuotten kin ik net stean. Mar ris by my delkomme om te sjen dogge de Hearen net. Mar ik sil ris sjen oft der ek noch rêding yn de wrâld is foar in ûngelokkich minske, dêr't ik kloekmoedich bin en my der by deljou om mei in bytsje help der troch te rêden en mear doch as ik altyd kin is it noch net goed. Mar ik sil de dochter kommandeare en my fiseare litte. En dan kin it wol barre dat ik de skuonmakkerij derhinne lis, dan kin it doarp my hielendal ûnderhâlde. Ued. Hoe wolle jo dat it net nei myn sin is, dêrfoar bin ik mear iverich as ik soms kin. Want de genêshear hat sels tsjin my sein dat ik folle te stiif siet, mar ik tink dan as ik wat kin dan moat ik mar wer. Mar no moat ik tinke as der net mear om my treurd wurdt, want no sit ik alwer allinnich yn dizze tiid en it minste kin my net oerkomme as ik noch ûngelokkiger wurd. En no fersyk ik Jo Edelen om in brief fan de Hear Oosterbaan it lear te krijen.

Brief fan de boargemaster oan de earmefoogdij

Beetstersweach 4 oktober 1888

Hjoed kaam Ebbel van der Velde by my, wenjend te Siegerswâld, en heechst gebrekkich, mei it driuwende fersyk dat him wat mear help ferliend wurde soe. Neffens syn opjefte is hy bûten syn skuld sa ûngelokkich wurden. Foar safier't ik beoardielje kin is … ien fan de earsten dy't yn de termen falt om holpen te wurden, dêrom sille jo my wis wol tastean him yn Jo belangstelling oan te rieden en sa mooglik him behulpich te wêzen.

De boargemaster fan Opsterlân

Mear ynformaasje?

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei de ôfdieling Erfgoed