De ynhâld is laden.

Logo gemeente Opsterlân
Logo gemeente Opsterlân

1825: De oerstreaming

Dit jier is it 200 jier lyn dat Fryslân in grutte wettersneedramp oerkaam.

Kaart fan stoarmfloed mei oerstreamd gebiet markearre

Troch de iuwen hinne hawwe ferskate grutte stoarmen de provinsje teistere, dy't late ta oerstreamings. Guon eardere bekende oerstreamings dy't Fryslân troffen wiene de Sint Julianafloed (1164), de stoarmfloeden fan 1248, de stoarmfloed fan 1703 en Krystfloed fan 1717. De hiele njoggentjinde iuw wie der yn de lege feangebieten in soad wetteroerlêst.

Grutte skea mei in soad slachtoffers

De stoarmfloed fan 1825, feroarsake troch in noardwesterstoarm yn kombinaasje mei springtij, heech binnenwetter en min ûnderholden diken, fûn plak tusken 3 en 5 febrewaris en soarge foar grutte skea by de Nederlânske, Dútske en Deenske Waadkusten lâns. Yn totaal foelen der sa'n 800 slachtoffers. Yn de provinsjes Grinslân, Fryslân, Oerisel, Gelderlân, Utert en Hollân kaam it ta slimme dyktrochbraken. Der kamen 379 minsken om, wêrfan 17 yn Fryslân. Dyktrochbraken by Lemsterlân en Skoattersyl soargen derfoar dat hast de hiele súdlike helte fan de provinsje en de feangebieten ûnder wetter kamen te stean. 

Situaasje Opsterlân

Yn it boek Geschiedkundig Tafereel van den Watervloed in Vriesland. (Ljouwert 1826) fan J. van Leeuwen krije wy in yndruk fan de situaasje yn Opsterlân yn 1825. Hoewol't der gjin deaden foelen yn Opsterlân, wie de skea enoarm. In soad huzen en pleatsen waarden ferwoaste. 

“It hoarnfee stie yn it wetter en waard mei it hynder yn Langezwaag by kunde ûnderbrocht. Hoe heech it wetter wol stige wie, blykt út it feit, dat it 10 oant 20 palm boppe de slûsdoarren yn De Gordyk stie!”

Oerstreaming, twa ruters en in boat
Utsnijing kaart mei oerstreamings, om De Gordyk hinne

De neisleep fan de wettersneedramp

Grutte oantallen bisten ferdronken en in soad minsken waarden siik en stoaren, troch fersmoarge drinkwetter en sykten as malaria en cholera. Ek de turven dy't opslein leine, giene ferlern. Nei't it wetter sakke wie, waard dúdlik dat de seadde fan de blaugerslannen ferrot wie en se bedutsen wiene mei in slyklaach. Hjirby brocht it lân de earste 10 jier neat mear op. Der ûntstie in soad sâlt fean, wêrtroch't turven brutsen en minder opbrochten. De arbeidersbefolking bleau yn grutte earmoede efter, kosten fan it libbensûnderhâld wiene heech. Jild wie krap en de belestingen skrikbarend heech, mei as gefolch fan de Napoleontyske oerhearsking. Ek de ferkeap fan fêstgoed levere neat op. Yn Langezwaag waard in útgong ferkocht efter in pleats foar 2 pûn tabak. Tabak wie begeard en djoer yn dy tiid. Lanlik waarden der kollektes en helpaksjes op tou set. Yn Opsterlân waard der 2.767 gûne ophelle foar de needlijdenden. 

Boarnen

  • J. van Leeuwen, Geschiedkundig Tafereel van den Watervloed in Vriesland (Ljouwert 1826).
  • K. Huisman, ‘Opsterlânske feangebieten ûnder wetter’, Fryslân Histoarysk Tiidskrift, 17, 2 (maart 2011) 12-13.
  • N. van der Laan, De wiete ferfeaning fan Opsterlân (mastersskripsje Lânskipsgeskiednis RUG, Grins 2023). 
  • Unbekend, ‘De opkomst fan West-Opsterlân’, Nijsblêd fan Fryslân: Hepkema’s courant (11-09-1950). 
  • Unbekend, ‘Bylage by de Nederlânske steatskoerant’, Nederlânske steatskoerant (25-03-1825).

Mear ynformaasje?

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei de ôfdieling Erfgoed