In sûnere kantine? Besykje it ris!
It doel fan de 'Sûnere Kantine' is om by (sport)kantines yn Opsterlân de sûne kar de maklike kar wêze te litten en (sport)ferienings te stimulearjen sûner iten en drinken oan te bieden. Yn in kantine dy't ek sûnere produkten oanbiedt, meitsje minsken makliker in sûnere kar.
Daliks regelje

Box I, II of III, fiif kear FERGESE!
Jo kinne ien fan de trije boxen kieze. Dizze krije jo fiif kear fergees, sadat jo besykje kinne oft dit wat foar jo kantine is. As jo jo oanmelde, krije jo yn wike 15, 16, 19, 20 en 21 de keazen box mei sûnere produkten.
Kar út trije boxen
- Box I Fruit + fergees presintaasjerek en wetterkanne
- Box II Hertich
- Box III Snacks & Dranken
Oanmelde
Daliks regelje
Binne jo behearder fan in (sport)kantine yn Opsterlân en wolle jo oan de slach mei in sûner oanbod? Meld jo oan foar de fergese Sûne Box. Folje hjirfoar it formulier 'Oanmelde Sûnere Box Proefperioade' yn (boppe-oan dizze side ûnder it kopke 'Daliks regelje').
Goed om te witten
Wolle jo ek in twadde box of alle trije? Dan is it mooglik dizze te ûntfangen tsjin 40% fan de ynkeappriis. Hjirby is de djoerste box fergees.
Ferwachte omset
Om't de earste box fergees is en jo in lyts part betelje foar de twadde en tredde box, leveret dizze aksje in moaie omset op foar de klubkas. Yn de tabellen stiet oanjûn hoefolle jo fertsjinje kinne per box.
Foarbyld: kieze jo foar box I en III, dan betelje jo per wike €10,20 (40% fan box I). As jo alles ferkeapje, fertsjinje jo per wike €116,75. De winst foar de klup is dan €106,55 per wike.
Tip: wy hawwe ek in oersjoch fan de omset makke ynklusyf ynkeap (prizen yn de winkel). Binne jo hjiryn ynteressearre, lit it dan witte fia
sun@opsterland.nl.




Folder Sûnere Kantine? Besykje it ris!
In dokumint downloade en iepenje
Jo kinne in pdf-bestân iepenje yn ferskate PDF-lêzers, lykas Adobe Reader.
Tink mei!
Hawwe jo in goed idee, plan of organisearje jo in evenemint wêrby't jo it belang fan sûnens en leefstyl beklamje wolle? Lit it ús witte!
