Folwoeksenenfûns Sport & Kultuer

De gemeente Opsterlân fynt it wichtich dat alle ynwenners meidwaan kinne oan sport en kultuer. Dêrom is it Folwoeksenenfûns start. Dit fûns makket it foar ynwenners fan de gemeente Opsterlân dy't om it besteansminimum libje, mooglik om te sporten of kultuer te beoefenjen. It Folwoeksenenfûns betellet oant in maksimum fan € 300,- per jier de kontribúsje, lesjild en/of benodigdheden.

Oanfragen

Tinke jo dat jo yn oanmerking komme foar it Folwoeksenenfûns? Dan kinne jo in oanfraach yntsjinje fia it ûndersteande formulier.

Formulier ynfolje

Kenne jo immen wêrfan jo tinke dat dizze persoan yn oanmerking komt, dan wolle wy jo freegje him of har te attindearjen op it Folwoeksenenfûns. Sjoch foar mear ynformaasje op: www.volwassenenfonds.nl.

Wat is it bedrach?

It Folwoeksenenfûns bepaalt it bedrach op basis fan de hichte fan it lesjild en eventueel de benodigdheden. Nei goedkarring fan de oanfraach wurdt de bydrage direkt oan de sport- of kultueroanbieder betelle. Is de oanfraach foar (sport)benodigdheden goedkard? Dan ûntfangt de oanfreger in weardebon dy't ynlevere wurde kin by in winkel yn de buert.

It Gebietsteam is der foar jo!

Jo kinne sûnder ôfspraak binnenrinne by de loketten fan it Gebietsteam yn Beetsterzwaag, Gorredijk en Ureterp. 

Meitsje in ôfspraak

Wolle jo in ôfspraak meitsje mei it Gebietsteam? Jo kinne dat telefoanysk of per e-mail dwaan fia 

Flaggen Opsterland