Omgevingsplan
Sûnt 1 jannewaris 2024 is de Omgevingswet fan krêft. De Omgevingswet giet oer de romte dêr't minsken wenje, wurkje en harren ûntspanne. Dizze nije wet foeget âlde wetten gear en befettet regels foar wat der bûten te sjen, te rûken en te hearren is. Witte wat der mei en oft der in fergunning nedich is, stiet yn it Omgevingsloket. Yn dit loket fine jo alle regels en plannen fan gemeenten, provinsjes, wetterskippen en it Ryk.
De Omgevingswet regelet dat elke gemeente ien omgevingsplan meitsje moat. Yn it omgevingsplan stiet hoe't de grûn yn in gebiet en de gebouwen dy't dêr op steane, brûkt wurde meie. Dat plan moat yn 2032 klear wêze. Oant dy tiid telle alle romtlike regels dy't de gemeente ûnder de âlde wetten makke hat gear as ien tydlik omgevingsplan. Dit binne bygelyks de regels út in bestemmingsplan, wizigingsplan of ferordening. Dit tydlike plan omfettet ek ryksregels oer aktiviteiten. De regels dy't no jilde binne yn it Omgevingsloket sichtber fia Regels op de Kaart.
Fan tydlik nei nij omgevingsplan
Uterlik yn 2032 moat de gemeente in nij omgevingsplan klear hawwe. Dat nije plan komt stapsgewiis ta stân. Wy fernije en folje it tydlike omgevingsplan yn ûnderdielen oan. Der kinne nije regels foar in bepaalde lokaasje opnommen wurde (bygelyks foar in nij te ûntwikkeljen wenwyk), mar ek nije regels dy't foar de hiele gemeente jilde.
Yn 2023 hat de gemeente in oantal ûntwerpplannen (bestemmingsplan, wizigingsplan) ter inzage lein. Dizze plannen wurde noch ûnder de âlde wet behannele. Sa gau as dizze plannen fan krêft binne, meitsje se ûnderdiel út fan it tydlik omgevingsplan. Dizze plannen wurde wierskynlik de earste tafoegings op it plan.
Jo miening oer in wiziging fan it omgevingsplan
Plannen fan de oerheid, in ûntwikkelder, fan jo of jo buorlju kinne reden wêze foar in wiziging fan it omgevingsplan. Ofhinklik fan de aard en omfang fan it plan kin it wichtich wêze om de omjouwing fan tefoaren te belûken. Dat kin op ferskate manieren, bygelyks troch in ynringearkomste te organisearjen. Troch yn petear te gean, kin in plan soms better wurde omdat it foar alle belanghawwenden in goed plan wurdt yn stee fan allinnich foar de inisjatyfnimmer. Dat neame wy partisipaasje. As belangen tsjinstridich binne, slagget it net altyd om in plan te meitsjen dêr't elkenien tefreden oer is. Dat kin ek de úkomst fan partisipaasje wêze. De inisjatyfnimmer kin kieze om it plan dan dochs yn proseduere te bringen. It is dan oan de gemeente om úteinlik in beslút te nimmen.
Jo kinne jo miening ek noch jaan tidens de proseduere. Dat hjit in sichtwize. Jo moatte in sichtwize yntsjinje binnen 6 wiken neidat wy it ûntwerp fan de wiziging publisearre hawwe. Wy publisearje yn it gemeentebled Ek wurdt in ferkoarte berjochtjouwing pleatst yn de gemeentepagina Sa! en op de webside. Yn de publikaasje stiet hoe jo in sichtwize yntsjinje kinne. Wy nimme alle sichtwizen dy't op 'e tiid yntsjinne binne mei foardat in omgevingsplan fêststeld wurdt. Binne jo it dêrnei net iens mei it plan? Dan kinne jo noch yn berop by de ôfdieling bestjoersrjochtspraak fan de Ried fan Steat.
Wolle jo sels it omjouwingsplan feroarje litte?
Wolle jo it omjouwingsplan feroarje litte? Dan kinne jo dêr in oanfraach foar yntsjinje. Wy riede wol oan om earst partisipaasje foar de omjouwing te organisearjen en in prinsipefersyk yn te tsjinjen. Sjoch foar mear ynformaasje op de side Omjouwingsplan wizigje.