Stoken fan fjoer
In fjoerke stoken is gesellich en fansels lekker waarm. Yn de simmerperioade fine wy in BBQ yn de tún ek tige leuk. De reek dy't frijkomt wurdt lykwols net altyd wurdearre troch jo buorlju. Wy wolle as gemeente it stoken en barbecueën net ferbiede. Mar wy wolle wol fan elkenien freegje om de oerlêst safolle mooglik te beheinen.
Fjoer stoke yn 'e tún, mei dat eins wol?
Ofval, lykas bewurke hout, snoeihout, âld papier ferbrâne is ferbean. Wol meie jo barbecueë en koekje, salang't dit gjin gefaar opsmyt foar de omjouwing. Lytse fjoerkorven binne wol tastien, mar dêryn mei útslutend drûch, ûnbewurke hout stookt wurde.

Fjoer stoke yn 'e tún, mei dat eins wol? Ofval, lykas bewurke hout, snoeihout, âld papier ferbaarne is ferbean. Wol meie jo barbecueë en koekje, salang't dit gjin gefaar opsmyt foar de omjouwing. Lytse fjoerkorven binne wol tastien, mar hjiryn mei útslutend drûch, ûnbewurke hout stookt wurde.
Hawwe jo oerlêst fan houtreek fan jo buorlju?
Hawwe jo lêst fan in houtkachel of fjoerkorf yn jo omjouwing, oerlis dan earst mei de ‘stoker’. Faak feroarsaket de stoker de oerlêst ûnbewust.
Wy hawwe de folgjende tips foar jo:
- Set op in rige wannear't jo lêst hawwe fan houtreek
- Betink fan tefoaren wat jo de houtstoker fertelle wolle
- Harkje goed nei elkoar, betink dat de stoker miskien net yn 'e gaten hat dat jo lêst hawwe fan de reek
- Bliuw net hingjen yn wa't gelyk hat
- Sykje tegearre oplossingen en meitsje tegearre ôfspraken
Der tegearre útkomme
De gemeente hat op basis fan wetjouwing net folle mooglikheden om stookoerlêst tsjin te gean. Salang't der gjin dúdlike wetlike regelingen binne, moatte jo besykje om der tegearre út te kommen.
Hjirûnder fine jo in oantal tips om reekoerlêst fan houtkachels en hurden safolle mooglik foar te kommen.
1. Stook net by wynstil waar of mist
Wannear't der gjin wyn stiet of as it mistich is, bliuwe reekgassen lang yn jo omjouwing hingjen. Dat giet ten koste fan jo sûnens en dy fan jo buorlju. Kontrolearje dêrom altyd oft der genôch wyn stiet.
2. Stek it fjoer altyd fan boppen oan mei oanmaakblokjes of -houtjes
Meitsje in houtfjoer oan mei oanmaakblokjes en lytse houtjes. Fjoer oanmeitsje mei brânbere floeistoffen is út den boaze en ekstra skealik.
3. Soargje dat de kapasiteit fan jo hurde of kachel ôfstimd is op jo wenkeamer
Mei in te grutte hurde of kachel wurdt it al gau te waarm yn hûs. Jo sjogge jo genôch om it fjoer te smoaren, mar krekt dan komme folle mear skealike stoffen frij. Soargje der dus foar dat jo kachel de juste grutte hat yn ferhâlding ta de romte dy't jo ferwaarmje wolle.
4. Soargje dat jo skoarstien en reekkanaal sekuer ôfstimd binne op jo hurde of kachel
In te koart reekkanaal of bygelyks in reinpet op de skoarstien kin soms flinke reekoerlêst feroarsaakje. Stem jo skoarstien en reekkanaal dus goed ôf op jo kachel.
5. Lit jo skoarstien 1x yn 't jier feie
Lit jo skoarstien teminsten ien kear yn 't jier feie troch in erkend fakman.
6. Brûk allinnich hout dat teminsten 2 jier drûge is
Stook allinnich drûch en ûnbehannele hout. Wiet hout wurdt minder waarm en dit liedt ta mear reek, roetôfsetting en skoarstienbrannen. It ferbaarnen fan behannele hout smyt in soad skealike stoffen op.
7. Set de loftoanfier fan it reekkanaal altyd folslein iepen
Kontrolearje foardat jo stoken geane oft de ôfslutklep nei de loftoanfier maksimaal iepene is. Wurdt it fjoer te hyt? Foegje dan gewoan gjin of minder hout ta. Besykje nea om de loftoanfier te ferminderjen en slút dizze pas as it fjoer folslein út is.
8. Kontrolearje oft jo reek gjin dikke wite, blauwe, grize of swarte kleur hat
Rin by it stoken efkes nei bûten om de reek te kontrolearjen. Allinnich in kleurleaze reek wiist op in goede ferbaarning. By in dikke, wite, blauwe of grize reek is der dúdlik wat mis. Ferbetterje yn dat gefal de loftoanfier en kontrolearje oft it brûkte hout wol droech genôch is.
9. Soargje foar in konstante oanfier fan frisse lucht
In iepen hurd ferbrûkt in soad soerstof. Ek in kachel ûntlûkt soerstof oan jo wenromte. By it stoken komme der boppedat skealike stoffen frij. Soargje dêrom foar genôch fentilaasje. Fersekerje jo fan in konstante oanfier fan frisse lucht troch in doar of finster op in kier te setten.
10. Lit it fjoer stadich fan himsels útdôvje
Lit in houtfjoer fan himsels útbaarne. As jo it fjoer temperje troch de loftoanfier te ferminderjen, komme der skealike stoffen frij.
