Basisregistraasje Adressen en Gebouwen (BAG)
De BAG (Basisregistraasje Adressen en Gebouwen) befettet gegevens fan alle offisjele adressen en gebouwen yn de gemeente. As foarbyld: boujier, gebrûksoerflak, gebrûksdoel, postkoade, nammejouwing fan iepenbiere romten (strjitnammejouwing), nûmeraantsjuttingen (hûsnûmering) en lokaasje op de kaart (geometry).
BAG Lanlike Foarsjenning
De gemeente is ferantwurdlik foar it opnimmen fan de gegevens yn de BAG. Kopyen fan al dizze gegevens binne sammele yn in Lanlike Foarsjenning (BAG LV) dêr't alle gemeenten op oansletten binne.
It Kadaster
It Kadaster beheart de BAG LV en stelt de gegevens beskikber oan oerheidsynstânsjes (bygelyks de Belestingtsjinst, Keamer fan Keaphannel en nutsbedriuwen), bedriuwen en partikulieren. Dit sintrale systeem soarget derfoar dat jo as ynwenner of bedriuw net hieltyd op 'e nij deselde gegevens hoege op te jaan by ôfnimmers dy't oansletten binne op de BAG LV.
Basisregistraasje Persoanen
De gemeente is ek in wichtige brûker fan de BAG. Gebou- en adresgegevens wurde bygelyks brûkt by it wurdearjen fan ûnreplik guod (WOZ) en de adresgegevens foar it byhâlden fan de Basisregistraasje Persoanen (BRP).
Rieplachtsje en werommelde
Alle gegevens dy't yn de BAG steane, binne fia de BAG viewer yn te sjen. Dizze is foar elkenien fergees te rieplachtsjen. As jo fan betinken binne dat in gegeven net kloppet, dan kinne jo fia de BAG viewer ek in werommelding dwaan.
Lânmjitkundige wurksumheden
Nei't in bouaktiviteit útfierd is, wurdt de nije situaasje ter plekke troch in lânmjitter ynmetten. Dizze ynformaasje wurdt yn de BAG registrearre. Foar it ynmetten is it needsaaklik dat jo perseel betreden wurdt. Wy freegje hjirfoar jo begryp en meiwurking.
Tips
Mear eftergrûnfynformaasje oer de BAG is te finen op de webside fan it Kadaster. Wolle jo mear ynformaasje oer wetten en definysjes, dan kinne jo terjochte op de webside fan Overheid.nl.
