Hanthavening en kontrôle
De gemeente kontrolearret bedriuwen en ynwenners en hâldt tafersjoch op bou- en sloopwurksumheden, it ferwiderjen fan asbest en it neilibjen fan miljeuregels.
Bouhanthavening
Elkenien dy't bout of slopt, moat him oan de regels hâlde út it omjouwingsplan, it Beslút bouwwurken leefomjouwing en de eventueel ferliende fergunning. De gemeente kin hanthavenjend optrede as immen him net oan dizze regels hâldt. Bygelyks as immen gjin omjouwingsfergunning krigen hat, mar dizze wol nedich is foar de wurksumheden. Of as der oare wurksumheden útfierd wurde dan dêr't de fergunning foar jûn is. Binne jo hjir tsjûge fan? Doch dan in melding leefomjouwing.
Wike jo ôf fan de fergunning? Stel de gemeente dêr dan fan op 'e hichte foardat jo de wiziging útfiere. By ôfwikingen sjogge wy earst oft legalisaasje mooglik is. In bou-tafersjochhâlder kin út namme fan boargemaster en wethâlders de wurksumheden stillelizze litte as jo sûnder omjouwingsfergunning bouwe of as jo ôfwike fan de fergunning. In stilleggingsbefel kin mei direkte yngong yngean. Fanwegen it yllegaal bouwen wurde ekstra kosten yn rekken brocht foar it behanneljen fan de oanfraach. As de fergunning wegere wurdt, moatte jo it yllegale bouwwurk ôfbrekke.
Miljeuhanthavening
Ek op neilibjen fan de miljeuregeljouwing sjocht de gemeente ta, njonken de FUMO. Nettsjinsteande de regelmjittige kontrôles kin it barre dat jo oerlêst hawwe fan in bedriuw. Ek kinne jo der tsjûge fan wêze dat in bedriuw of partikulier bewust of ûnbewust de miljeuregels oertrêdet. Jo kinne dan in melding leefomjouwing dwaan.
Tafersjoch op it ferwiderjen fan asbest
Tafersjoch op it ferwiderjen fan asbest hat yn Opsterlân hege prioriteit. Oertrêdingen en/of tekoartkomingen binne strafber. In opsetlike oertrêding (asbest ferwiderje sûnder tastimming) wurdt sjoen as misdriuw. Mear ynformaasje fine jo op de side Asbest ferwiderje.
Hanthavening brânfeiligens
De gemeente en/of brânwacht Fryslân fiert brânfeiligenskontrôles út. Dit wurdt sawol by besteande as nije gebouwen dien. De easken út it Beslút bouwwurken leefomjouwing en de foarskriften út de omjouwingsfergunning bepale de ynhâld fan de brânfeiligenskontrôles.
Boetes
De gemeente Opsterlân kin sûnt 2011 foar bepaalde oerlêstfeiten sels boetes oplizze, bygelyks by oerlêst troch losrinnende hûnen of it stoarten of ferbrânen fan ôffal. Dizze boete wurdt in bestjoerlike strafbeskikking (BSB) neamd. De bestjoerlike strafbeskikkings wurde oankundige troch Bûtengewoan Opspoaringsamtners (BOA’s) fan de gemeente. De Offisier fan Justysje leit de strafbeskikking úteinlik op. It Sintraal Justisjeel Ynkassoburo (CJIB) ynt de boetes en de opbringsten geane nei it Ryk. De bestjoerlike strafbeskikking kin ek ynset wurde by de hanthavening fan miljeudelikten. Swiere oertrêdingen binne útsûndere en wurde fia in proses-ferbaal ôfhannele. Bedriuwen wurde swierder beboete as partikulieren. Mear ynformaasje fine jo op www.cjib.nl en www.om.nl.
Twangmiddels
By oertrêdingen of ûnwinske situaasjes krijt in oertreder de gelegenheid om it ûngedien te meitsjen. Gebeurt dit net, dan kin de gemeente twangmiddels tapasse:
- Lêst ûnder bestjoerstwang: de gemeente beëiniget de ûnwinske situaasje troch sels yn te (litte) gripen. De kosten hjirfan binne foar de oertreder.
- Lêst ûnder twangsom: de oertreder wurdt ferplichte om binnen in bepaalde termyn wat te dwaan of nei te litten. As dit net bart, moat in twangsom betelle wurde.
