Wenningfisy gemeente Opsterlân
Op 18 septimber 2023 hat de gemeenteried de Wenfisje gemeente Opsterlân ‘folkshúsfestingsprogramma’ fêststeld. De Wenfisje bepaalt de koers fan it wenbelied fan de gemeente foar de kommende jierren. Dit belied is opsteld yn oerlis mei alderhande belanghawwenden lykas Pleatslik Belangen, wenningkorporaasjes, Hierdersorganisaasje De Bewennersried, soarchpartijen en merkpartijen.
Op 20 april 2023 is troch de fiif regiogemeenten yn Súdeast Fryslân in saneamde Regionale wendeal Súdeast Fryslân ôfsletten mei de provinsje Fryslân en de Minister foar Folkshúsfesting en Romtlike Oardering, de hear Hugo de Jonge. Doel hjirfan is dat de gemeente Opsterlân minimaal 530 wenten bout fan de 900.000 wenten dy’t Minister De Jonge bouwe wol yn hiel Nederlân yn de perioade oant en mei 2031.
Taspitst op it nijbouprogramma foar de kommende jierren kiest de gemeente Opsterlân derfoar om lâns in trijetal spoaren wenningbou mooglik te meitsjen:
- De yn de Regionale wendeal Súdeast Fryslân neamde doelgroepen te realisearjen op in tal útlisgebieten (yn de Regionale wendeal Súdeast Fryslân neamd as ‘kaai-projekten’), dêr’t de gemeente Opsterlân eigner fan is, om sa de regy op de ûntwikkeling fan dizze wenten yn eigen hân te hâlden.
- Yn alle kearnen yn de gemeente wenten te bouwen om de leefomjouwing te fersterkjen middels herstrukturearring en transformaasje fan fêstgoed binnen it besteande ‘stedlike gebiet’.
- Bouwe bûten it besteande ‘stedlike gebiet’ mooglik te meitsjen mits dit past yn de Omjouwingsferoardering Fryslân.
De Wenfisje
De Wenfisje gemeente Opsterlân ‘folkshúsfestingsprogramma’ kinne jo downloade as pdf.
Wenningfisy gemeente Opsterlân
In dokumint downloade en iepenje
Jo kinne in pdf-bestân iepenje yn ferskate PDF-lêzers, lykas Adobe Reader.
Oanfraach dwaan
Wolle jo in oanfraach dwaan of hawwe jo fragen?
Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum
