Bou en ferbouwing, kontrôle

Fermoedzje jo dat in bou of ferbouwing net neffens de regels ferrint? Jo kinne dit melde by de gemeente. De bou of in ferbouwing ferrint wierskynlik net neffens de regels as der sûnder fergunning, net neffens boustechnyske foarskriften, bûten normale wurktiden of net feilich wurdt wurke. Ek bûtengewoan in soad lûd, trillingen, stof en ôffal binne ferbean.

Hoe wurket it?

De gemeente kontrolearret oft der boud wurdt neffens de boustechnyske foarskriften. Ek kontrolearret sy op feiligens en oft der boud is of wurdt neffens de ferliende fergunning.

De tafersjochhâlders fan de gemeente hawwe de folgjende rjochten om goed kontrolearje te kinnen:

  • Sy meie gebouwen yngean sûnder tastimming. Dit jildt net foar it yngean fan in wenning sûnder tastimming fan de bewenner. Hjirfoar bestiet in aparte proseduere.
  • Sy meie ynformaasje opfreegje.
  • Sy meie saaklike gegevens en dokuminten ynsjen en kopyen hjirfan meitsje.
  • Sy meie saken ûndersykje, lykas it nimmen fan meunsters, ferpakkingen iepenje en spullen meinimme.

Konstatearret de gemeente dat der boud wurdt yn striid mei boustechnyske foarskriften, dan kin sy de bou stil lizze of de tagong ta it gebou slute.

Wat moat ik dwaan?

Wolle jo witte oft alles neffens de regels ferrint, nim dan kontakt op mei de gemeente.