Ferhuzing trochjaan

Komme jo yn Opsterlân wenjen? Of ferhúzje jo binnen Opsterlân? Meld dit dan by de gemeente. Ferhúzje jo nei in oare gemeente? Meld jo ferhuzing dan oan jo nije gemeente.

Daliks regelje

Om jo ferhuzing direkt troch te jaan folje jo ûndersteand formulier yn, dit kin fanôf 28 dagen foar de ferhúsdatum.

Ferhuzing trochjaan

Komme jo leaver del op it gemeentehûs om de ferhuzing troch te jaan, meitsje dan fan tefoaren in ôfspraak.

Betingsten

Wa mei in ferhuzing trochjaan?

  • Elkenien dy't 16 jier of âlder is, mei syn/har eigen ferhuzing trochjaan.
  • Alders, fâden of fersoargers jouwe de ferhuzing troch foar harren minderjierrige bern.
  • Alders en harren mearderjierrige bern meie elkoars ferhuzing trochjaan as se op itselde adres wenje.
  • Echtelju of registrearre partners meie elkoars ferhuzing trochjaan as se op itselde adres wenje.
  • De kurator jout de ferhuzing troch as de persoan dy't ferhuzet ûnder kuratele stiet.
  • In mearderjierrige dy't dêrfoar skriftlik machtige is, mei de ferhuzing trochjaan.

Kosten

In ferhuzing trochjaan is fergees.

Oanfraach

Daliks online regelje

Jou jo ferhuzing op 'e tiid troch oan de gemeente (binnen 5 wurkdagen neidat jo op it nije adres wenjen gien binne). Dwaan jo dit net? Dan kin dit gefolgen hawwe foar bygelyks jo hierfergoeding, studzjebeurs, gemeentlike belestingen of útkearing. Jo kinne jo ferhuzing ek trochjaan foardat jo ferhúzje. Jo jouwe jo ferhuzing troch fia it online formulier ‘Ferhuzing trochjaan’ (boppe-oan dizze side ûnder it kopke 'Daliks regelje'). 

Delkomme

Delkomme by it Publykssintrum op it gemeentehûs kin ek.

Ferhúzje nei it bûtenlân

Wa't langer as twatredde fan in jier yn it bûtenlân ferwachtet te bliuwen, is ferplichte om him/har útskriuwe te litten. Dat moat maksimaal 5 dagen fan tefoaren. As net alle gesinsleden nei it bûtenlân fertrekke, moatte dejingen dy't nei it bûtenlân fertrekke (dus ek minderjierrige gesinsleden) persoanlik oan de baly ferskine om fertrekoanjefte te dwaan.

Jo kinne jo útskriuwe fia it folgjende formulier. 

Briefadres oanfreegje

Hawwe jo gjin wenadres yn Nederlân? Bygelyks om't jo yn in ynstelling of finzenis ferbliuwe? Of om't jo gjin fêste wenromte hawwe (bygelyks skippers)? Dan kinne jo by de gemeente in briefadres oanfreegje. In briefadres is it adres fan in bekende dy't jo post ûntfangt.

De wichtichste betingsten binne:

  • jo hawwe gjin fêste wen- of ferbliuwplak (de gemeente ûndersiket dit)
  • it briefadres is yn Nederlân
  • it briefadres is gjin Postbus
  • jo hawwe in dúdlike reden foar de oanfraach

By de oanfraach fan in briefadres hawwe jo nedich:

  • in ynfolde fragelist briefadres. Dizze fine jo ûnder dizze webpagina
  • skriftlike tastimming fan de haadbewenner fan it briefadres
  • in kopy fan it identiteitsbewiis fan de haadbewenner
  • in jildich identiteitsbewiis fan josels

Jo kinne in briefadres oanfreegje by it Publykssintrum.

Ferstrikkingsbeheining

De gemeente hâldt jo persoansgegevens by yn de Basisregistraasje persoanen. Dizze gegevens wurde brûkt troch alle oerheidsynstânsjes. Dit is wetlik ferplichte. 

De gemeente kin jo gegevens ek ferstrekke oan organisaasjes mei in maatskiplik belang. Dit binne bygelyks wenningbouferienings, sikehuzen, begraafplakken en helpynstellingen. Jo kinne oanjaan dat jo net wolle dat wy jo persoansgegevens oan dizze organisaasjes ferstrekke. Jo kinne dit digitaal oanfreegje fia de folgjende link: https://iburgerzaken.opsterland.nl/gaas-web/server/start/StartVerzoekVerstrekkingbeperking

Jo kinne ek in ôfspraak meitsje om dit op it gemeentehûs te regeljen.

Meitsje hjir jo ôfspraak: https://opsterland.mijnafspraakmaken.nl/.

Fraachlist briefadres

Nim dit formulier tidens jo oanfraach mei nei it gemeentehûs.

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân