Bermbehear en ikeproesesrûp
Wy ferwachtsje dit jier op 'e nij oerlêst fan de iikprosesjerûp. De lytse brânhierkes fan de rûp feroarsaakje irritaasjes oan hûd en eagen. Yn maaie en juny is de rûp folgroeid en is de oerlêst it grutst. Ek de moannen dêrnei kinne minsken dy't dêr gefoelich foar binne noch hinder ûnderfine.
Is der wat mis mei de iepenbiere romte?
Hawwe jo in besmette beam ûntdutsen? Meld it!

Ekologyske bermen yn it bûtengebiet
De gemeente Opsterlân wol de biodiversiteit fierder stimulearje. Dêrom beheare wy de bermen yn it bûtengebiet ekologysk. Dat betsjut yn de praktyk dat dizze bermen noch mar ien kear yn it jier meand wurde. Foar de measte bermen wie dit al sa, mar no jildt dat foar álle bermen bûten de beboude kommen.
Troch noch mar ien kear te meanen krije ferskate krûden de tiid en kâns om te groeien en te bloeien. Dit soarget derfoar dat der mear iten beskikber is foar ynsekten lykas bijen en flinters. Dêrneist bestiet der yn de bermen in beskutte omjouwing foar oare ynsekten lykas sprinkhoannen en krobben. Dizze ynsekten binne op har beurt wer in goede fiedselboarne foar ferskate fûgels, flearmûzen en amfibyen.
Blomrike bermen binne der net fan it iene op it oare jier. It is in proses fan meardere jierren wêrby't it systeem de tiid krije moat om him oan te passen. Op guon plakken duorret dit wat langer en binne der de earste jierren benammen gers en krûden sichtber. Op oare plakken kin dit fluch gean en sille wy dit jier al mear biodiversiteit en blommen waarnimme.
Ikenprosesjerûp
Om dizze oerlêst foar te kommen bestride wy de rûp. Dit bart op ferskate manieren. Yn it foarjier wurde de nêsten bespuite om foar te kommen dat de rûpen útkomme. De rûpen dy't yn de maitiid en simmer wol tefoarskyn komme, wurde fuorthelle sadree't se nêsten foarmje. Fanwege de útwreidheid fan ús gemeente is it net helber om álle nêsten te ferwiderjen. Dêrom kieze wy derfoar om safolle mooglik te bestriden op risikolokaasjes. Tink hjirby oan drokke fytsrûtes en rûnom skoallen, berne-opfang en fersoargingstehuzen.
