Rioel
Is jo wenning of bedriuw net oansletten op de rioelring? De gemeente fersoarget de oansluting op it iepenbiere rioelstelsel fanôf de persielgrins fan jo gebou. Op eigen terrein moatte jo sels soargje foar de oanlis fan de rioelring.
Daliks regelje
Wolle jo in rioeloansluting oanfreegje? Folje dan it formulier 'Rioeloansluting oanfreegje' yn.

Rioel ferstoppe. Wat no?
- Meld problemen mei it rioel altyd by de gemeente.
- Freegje by jo buorlju nei oft sy ek problemen hawwe mei de rioelwurk.
- Giets it om rioelwurk dêr't de gemeente net ferantwurdlik foar is? Nim dan kontakt op mei de eigner of ferhierder fan de wenning.
- Undersykje wêr't de ferstopping sit. Hjirfoar moat de eigner de erfskiedingsput/ûntstoppingsstik sels opgrave of opgrave litte. Op de grins fan hast elk perseel leit in saneamd ûntstoppingsstik. It opgraven fan it ûntstoppingsstik kin dúdlikheid jaan oer wêr't it probleem sit. Tink derom, de kosten dy't makke wurde om it ûntstoppingsstik op te graven binne hielendal foar de eigner, ek al blykt dat de ferstopping yn it gemeentlike diel sit.
Sjoch oft der wetter yn it erfskiedingsputte sit
Gjin wetter yn it erfskiedingsputte: jo ferantwurdlikheid
- As der gjin wetter yn it ûntstoppingsstik stiet, is de trochgong nei it gemeentlike rioel iepen en sit de ferstopping dus op it eigen hiem. Yn dat gefal binne jo sels ferantwurdlik foar it ûntstoppen.
Wól wetter yn it erfskiedingsputte: ús ferantwurdlikheid
- As der wól wetter yn it ûntstoppingsstik stiet, sit de ferstopping yn it gemeentlike diel. Bel yn dit gefal altyd de gemeente. De gemeente soarget foar it oplossen fan de ferstopping.
Wa betellet de kosten?
- De kosten dy't makke wurde om it ûntstoppingsstik op te graven binne hielendal foar de eigner, ek al blykt dat de ferstopping yn it gemeentlike diel sit.
- By in ferstopping yn it gemeentlike diel lost de gemeente it op. Wy bringe gjin kosten yn rekken. Hawwe jo de ferstopping yn it gemeentlike diel oplosse litten troch in bedriuw? Dan binne de kosten foar jo rekken. Tink derom: de gemeente fergoedet yn dit gefal net de makke kosten foar de ûntstopping.
- By in ferstopping op eigen hiem binne jo sels ferantwurdlik foar it ûntstoppen en de kosten. Ek eventuele herstelkosten fan defekten binne foar eigen rekken.
