Wolstân
Wolstân giet oer it uterlik fan bouwwurken en de omjouwingskwaliteit.
Omjouwingsfergunning
As jo bouwe of ferbouwe wolle, hawwe jo faak in omjouwingsfergunning nedich. Ek moatte jo foldwaan oan ridlike easken fan wolstân. De gemeente hat fêstlein hokker easken hja stelt oan bouwurken. Dit binne easken oer it uterlik fan in gebou. Dat moat oantreklik wêze en passe yn de omjouwing.
Mear ynformaasje oer de wolstânseasken yn Opsterlân fine jo yn it ûndersteande dokumint (pdf).
Advys troch Hûs en Hiem
Hûs en Hiem is in ûnôfhinklike advyskommisje dy't bouplannen foar ûnder oare Opsterlân op wolstân toetst. Mear ynformaasje oer Hûs en Hiem fine jo hjir: www.husenhiem.nl.
Gearkomste Hûs en Hiem
- Tiisdei (1x yn de 2 wiken)
- 10.00 oere
- Wolle jo dizze gearkomste bywenje? Dat kin! Nim kontakt op mei it Publykssintrum
Fergunningfrij
Fergunningfrije bouwurken wurde troch de gemeente net foarôf op wolstân hifke. Mar dochs meie dizze bouwurken net yn earnstige mate yn striid wêze mei ridlike easken fan wolstân. As dat wol sa is, dan is it foar de gemeente mooglik om hjirtsjin op te treden en sa oan de net winske situaasje in ein te meitsjen.
Snelle toetsingskritearia
In soad lytse inisjativen binne fergunningfrij. Der binne lykwols ek lytse inisjativen dêr't troch de gemeente wol in omjouwingsfergunning foar frege wurdt. It giet hjirby om inisjativen dy't nettsjinsteande harren beheinde maat en skaal in behoarlike romtlike ynfloed hawwe. Tink hjirby oan inisjativen dy't dúdlik sichtber binne fan de strjitte ôf of har ôfspylje op in hoeke wêrtroch it inisjatyf fanút meardere rjochtingen prominent yn byld is. Troch yn dizze gefallen konsekwint omtinken te jaan oan it ûntwerp bliuwt de leefomjouwing foar elkenien moai en leefber.
Foar lytse inisjativen dy't in soad foarkomme en dêr't in omjouwingsfergunning foar nedich is, binne fluchtoetsscriteria opsteld. Hjirmei wurdt it fergunningentrajekt ferienfâldige en fersneld. Foar de ûndersteande sân soarten inisjativen binne fluchtoetsscriteria opsteld:
- Oansletten gebouwen:
- oan- en útbouwen foarkant;
- oan- en útbouwen sydkant;
- frijsteande bygebouwen sydkant.
- Kozyn- en gevelwizigingen;
- Dakkapel;
- Erfôffreding;
- Technyske ynstallaasjes/opwek duorsume enerzjy.
- Flaggenmêsten bedriuwsterrein;
- Erfôffreding bedriuwsterrein.
Fluchtoetsscriteria besteane út heldere ûntwerpprinsipes yn wurd en byld. De ûntwerpprinsipes geane oer de ‘pleatsing’, de ‘foarmjouwing’, de ‘maatfiering’, en ‘materiaal en kleur’. Dêrmei jout de gemeente dúdlikheid en tips oer hoe lytse bouplannen goed foarmjûn wurde kinne. Troch konkrete oanwizings en tips kinne ynwenners dit fluch en maklik foar harren lytse bouplannen tapasse.
Fia dy selde fluchtoetscriteria beoardielje amtners de lytse bouplannen sels op wolstân. Dizze bouplannen wurde net trochset nei Hûs en Hiem. Dêrmei wurdt tiid besparre en witte inisjatyfnimmers gau oft sy mei harren wurksumheden begjinne meie.
Troch as inisjatyfnimmer in plan te basearjen op de fluchtoetscriteria kin it fergunningentrajekt soepel trochrûn wurde. Foar fergunningefrije bouwwurken kinne de fluchtoetscriteria goede ynspiraasje meijaan foar in moai plan.
Mear ynformaasje oer de fluchtoetscriteria fine jo yn it ûndersteande dokumint (pdf).
Wolstânsnota
Wolstânstafersjoch waard ea ynsteld om te foarkommen dat bouwwurken de iepenbiere romte ûntsierje soene. Noch altyd wurdt by iedere oanfraach foar in boufergunning beoardiele oft it oangeande bouwwurk net yn striid is mei ‘reedlike easken fan wolstân’.
In dokumint downloade en iepenje
Jo kinne in pdf-bestân iepenje yn ferskate PDF-lêzers, lykas Adobe Reader.
Snelle toetsingskritearia
Hjir kinne jo de fluchtoetscriteria downloade en besjen.
In dokumint downloade en iepenje
Jo kinne in pdf-bestân iepenje yn ferskate PDF-lêzers, lykas Adobe Reader.
Hawwe jo noch fragen?
