Omjouwingsfergunning

Oft jo no in boufergunning, kapfergunning of sloopfergunning nedich hawwe: se falle tsjintwurdich allegear ûnder de omjouwingsfergunning. Wol sa handich!

Stappeplan oanfraach omjouwingsfergunning

Hawwe jo bouplannen, wolle jo in funksje wizigje of wat oars? En freegje jo jo ôf oft hjirfoar in omjouwingsfergunning nedich is?

Folgje it stappeplan. Jo sjogge dan fuortendaliks oft jo yn oanmerking komme foar in omjouwingsfergunning.

Ferjit ek net om jo buorlju te ynformearjen oer jo plan.

Stap 1: Haw ik in omjouwingsfergunning nedich?

Jo hoege net altyd in omjouwingsfergunning oan te freegjen. Jo kinne sels neigean oft in omjouwingsfergunning nedich is. Op it Omjouwingsloket (eksterne keppeling) kinne jo in fergunningcheck dwaan. Sa wurdt dúdlik oft jo in fergunning nedich hawwe, in melding dwaan moatte, of gjin fergunning nedich hawwe. Wannear't jo plan net fergunningsfrij blykt, ûndersyk dan oft jo it plan oanpasse kinne sadat it wol fergunningsfrij is. As dat sa is, dan kin jo dat minder tiid en jild kostje. In plan dat omjouwingsfergunningfrij is, moat noch altyd foldwaan oan de wetlike easken dy't oan gebouwen steld binne, lykas bygelyks It Beslút bouwwurken leefomjouwing en it buorrjocht.

Hawwe jo de fragenlist fan de fergunningcheck ynfolle mar komme jo der net út of twifelje jo oft jo plan fergunningsfrij is? Nim kontakt op mei it Publykssintrum. Jo kinne dan in konseptoanfraach dwaan om jo plan te ferkennen. Hjir binne kosten oan ferbûn.

Tink derom: net foar elke aktiviteit is op dit stuit in fergunningcheck beskikber. Kontrolearje dus altyd de regels fan it omjouwingsplan of nim kontakt op mei it team fergunningen.

Stap 2: Past it yn it omjouwingsplan?

As jo wol in omjouwingsfergunning nedich hawwe, moatte jo útsykje oft it plan past binnen it omjouwingsplan. Besjoch hjirfoar yn it Omjouwingsloket de Regels op de Kaart. Komme jo der net út? Nim dan kontakt mei ús op. Jo kinne hjirfoar in ôfspraak meitsje.

Past jo plan yn it omjouwingsplan? Dan kinne jo troch nei de folgjende stap.

Past it net yn it omjouwingsplan? Tsjinje dan earst in prinsipefersyk yn. Dêrmei kinne jo in ynskatting krije fan de kânsen fan jo fersyk.

Stap 3: Konseptoanfraach yntsjinje

Wolle jo earst de kânsen fan jo omjouwingsfergunning goed ynsjen? Dan kinne jo in konseptoanfraach yntsjinje. Dan witte jo fan tefoaren:

  • Oft jo oanfraach kompleet is;
  • Oft jo projekt binnen de regels fan it omjouwingsplan past;
  • Hoe't de welstânskommisje jo projekt beoardielje sil.

Jo kinne gjin rjochten ûntliene oan de konseptoanfraach. Mar it jout jo wol in byld fan jo kânsen.

Wat moatte jo oanleverje?

Foar in konseptoanfraach leverje jo it folgjende oan:

  • In situaasjetekening fan it perseel. Dêrop is alle bebouwing te sjen: sawol yn de besteande tastân as yn de nije tastân (op skaal en foarsjoen fan maatfiering).
  • In koarte omskriuwing fan it gebrûk fan gebouwen: sawol yn de besteande as de nije tastân.
  • Geveloansichten fan de gebouwen dy't wizige wurde: sawol yn de besteande tastân as yn de nije tastân (op skaal en foarsjoen fan maatfiering en brûkte kleuren/materialen).
  • Plattegrûnen fan de besteande en nije situaasje.

Jo tsjinje jo konseptoanfraach yn fia it Omjouwingsloket.

Omjouwingstafel

Fanwegen de omfang/kompleksiteit fan it plan is it mooglik dat ferkenning en begelieding nedich is fan ús of eksterne saakkundigen. As jo plan winsklik is, wurde jo troch ús útnûge foar de omjouwingstafel. Wy geane dan mei jo yn petear om te kommen ta in optimaal en helber plan. Nei behanneling oan de omjouwingstafel ûntfange jo fan ús in yntsjinadvys.

Stap 4: Fertel de omjouwing oer jo plan

Jo bouwurk kin ynfloed hawwe op de minsken en bedriuwen yn de omjouwing. Dêrom freegje wy jo om altyd yn petear te gean mei jo omjouwing. Jo buorlju sille it moai fine om op tiid wat oer jo plan te hearren. As jo gjin omjouwingsfergunning nedich hawwe, kinne jo begjinne mei bouwen.

Tink derom: foar in tal situaasjes is partisipaasje by jo oanfraach ferplichte. Yn dat gefal kontrolearje wy oft der op de juste manier rekken holden wurdt mei jo omjouwing. Wy kinne dan beslute om jo oanfraach wol of (noch) net yn behanneling te nimmen.

Stap 5: Oanfraach yntsjinje by de gemeente

Jo bouwurk kin ynfloed hawwe op de minsken en bedriuwen yn de omjouwing. Dêrom freegje wy jo om altyd yn petear te gean mei jo omjouwing. Jo buorlju sille it moai fine om op tiid wat oer jo plan te hearren. As jo gjin omjouwingsfergunning nedich hawwe, kinne jo begjinne mei bouwen.

Tink derom: foar in tal situaasjes is partisipaasje by jo oanfraach ferplichte. Yn dat gefal kontrolearje wy oft der op de juste manier rekken holden wurdt mei jo omjouwing. Wy kinne dan beslute om jo oanfraach wol of (noch) net yn behanneling te nimmen.

Stap 6: Berjocht fan ûntfangst en publikaasje

Wy stjoere jo in berjocht fan ûntfangst. Ek publisearje wy jo oanfraach op de Gemeenteside.

Wy kontrolearje ek oft jo oanfraach kompleet is. Misje der noch stikken? Dan hearre jo dat fan ús. Dan jouwe wy ek oan binnen hokker termyn jo se oanleverje moatte.

Stap 7: Beoardieling

Wy beoardielje jo oanfraach ynhâldlik. Wy kontrolearje oft de oanfraach oan alle wetlike easken foldocht. Sa sjogge wy nei regels út it tydlik omjouwingsplan en de welstânsnota.

Tink derom: guon inisjativen kinne net ferliend wurde mei in omjouwingsfergunning. Soms is in wiziging fan it omjouwingsplan nedich. Sjoch foar mear ynformaasje de side oer it Omjouwingsplan.

De gemeenteried hat in tal gefallen oanwiisd dêr't in binend advysrjocht fan de ried foar nedich is. Dit hâldt yn dat de gemeenteried in advys jout oer jo plan dêr't it kolleezje him oan hâlde moat. Dit kin gefolgen hawwe foar de trochrinttiid fan jo oanfraach foar in omjouwingsfergunning. Foar dizze gefallen jildt ek de ferplichting ta partisipaasje mei de omjouwing. 

Stap 8: Utkomst

Wy litte jo binnen 8 wiken nei jo oanfraach witte oft jo in omjouwingsfergunning krije. Behalve as:

  • Der stikken ûntbrieken; de tiid dy't jo nedich hawwe om dy oan te leverjen, telle wy by de beslistiid op.
  • Jo in yngewikkeld projekt hawwe; dan kinne wy de termyn ienris mei 6 wiken ferlingje.

Wy publisearje ús beslút op de Gemeenteside. Oaren (bygelyks jo buorlju) hawwe dan 6 wiken de tiid om beswier yn te tsjinjen. Dwaan se dat net, dan is jo fergunning nei dizze termyn ûnherroeplik.

Faak stelde fragen

Kin ik beswier meitsje tsjin in ferliende omjouwingsfergunning?

Ja. Binnen 6 wiken neidat it beslút nommen is. It beslút wurdt publisearre yn it Gemeenteblêd, ús gemeenteside Sa! en op de webside. Besjoch hjir hoe't jo beswier meitsje kinne.

Kin ik in omjouwingsfergunning ynsjen?

As jo beswier meitsje tsjin in fergunning, meie jo dizze ynsjen.

Wat is de jildichheidstermyn fan in omjouwingsfergunning?

In omjouwingsfergunning hat gjin jildichheidsdoer en is dus yn prinsipe ûnbeheind jildich.

Wol kinne wy de fergunning ynlûke. Dit bart eins allinnich as de fergunninghâlder gjin gebrûk makket fan de fergunning binnen 1 jier neidat dizze ferliend is en sûnder dat de fergunninghâlder dêrfoar in goede reden hat. Foardat in fergunning ynlutsen wurdt, sille wy altyd earst mei jo oerlizze.

Kosten

In konseptoanfraach en/of omjouwingsfergunning kost jild. Hoefolle jild krekt, hinget ôf fan jo plannen en de kosten dêrfan. Yn de legesferoardering fine jo in tabel mei dêryn alle foarkommende kosten foar in konseptoanfraach/omjouwingsfergunning. 

Kieze jo foar in konseptoanfraach? Dan wurde de kosten dêrfan ôflutsen fan de kosten foar de omjouwingsfergunning as jo dizze oanfreegje. Blykt tidens de konseptoanfraach dat in fergunning net helber is? Dan betelje jo wol de kosten foar de konseptoanfraach en de welstandskommisje. 

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân