Beswier meitsje

Binne jo it net iens mei in beslút fan de gemeente? Dan kinne jo beswier meitsje. De beswierproseduere is wat oars as de klachtenproseduere. In klacht tsjinje jo yn as jo net tefreden binne oer in gedraging fan in gemeentlik amtner. In beswier tsjinje jo yn as jo it net iens binne mei in beslút fan de gemeente. It giet dêrby om in beslút dat streekrjocht neidielige gefolgen foar jo hat. 

Hoe tsjinje jo in beswier yn?

Hoe't jo in beswier yntsjinje kinne, lêze jo yn de beskriuwing fan de proseduere fan it beslút dêr't jo beswier tsjin meitsje. Dizze besluten en prosedueres kinne jo fine op de side mei offisjele bekendmakkingen.

Gean nei de side Bekendmakkingen

Beswierkommisje

As jo it net iens binne mei in beslút fan de gemeente, dan kinne jo jo beswier foarlizze oan de ûnôfhinklike beswierkommisje. Dizze kommisje advisearret it gemeentlik orgaan dat oer jo beswierskrifte beslisse moat: dat kin wêze de gemeenteried, it kolleezje fan boargemaster en wethâlders of de boargemaster. Meastentiids folget it gemeentlik orgaan it advys fan de kommisje.

De kommisje

De kommisje bestiet út trije fêste leden, dêrnjonken binne der trije ferfangende leden, dy't ek geregeldwei sitting nimme yn de kommisje. De leden binne ûnôfhinklik en hawwe gjin inkelde bining mei de gemeente. It giet hjir dus om in ûnôfhinklike kommisje.

It sekretariaat fan de kommisje is yn hannen fan amtners fan de gemeente, dy't direkt ûnder de kommisje falle. 

Oankundigings fan de Beswierkommisje Opsterlân

Gean nei de side Iepenbiere harksittings Beswierkommisje Opsterlân

De harksitting

Om de belutsenen by in beswierskrifte yn de gelegenheid te stellen harren stânpunt mûnling ta te ljochtsjen, wurde der harksittings hâlden. Foar de harksitting ûntfange de belutsenen romme tiid fan tefoaren in útnûging en alle op de saak betrekking hawwende stikken. Dizze stikken binne ek yn it besit fan de kommisje. De harksittings binne yn prinsipe iepenbier. Dit betsjut dat belangstellenden by de sitting oanwêzich wêze meie en plaknimme kinne op de publike tribune. Sy meie lykwols net it wurd fiere. Saken mei in fertroulik karakter (lykas op it mêd fan de Wmo, de Partisipaasjewet en de Jeugdwet) binne wol besletten en publyk wurdt dêrby dus net talitten.

De harksittings fine plak yn de jûns en wurde hâlden yn:

Sealensintrum 'De Buorskip'

Flasleane 26  

Beetstersweach 

Telefoan (0512) 382 341

Yn de direkte omjouwing fan it sealensintrum binne romme fergese parkearmooglikheden oanwêzich. Jo kinne plaknimme yn de hal. As jo saak oan bar is, ropt de sekretaris fan de kommisje jo op. De kommisje freget by foarbaat al om jo begryp as saken sa útrinne dat jo net op it ôfsprutsen tiidstip oan bar komme.

Under de harksitting kriget de beswiermakker yn earste ynstânsje de gelegenheid syn/har beswierskreaun fierder ta te ljochtsjen. Dêrnei wurdt de fertsjintwurdiger fan de gemeente yn steat steld om it stânpunt fan de gemeente te ferdúdlikjen. Ta beslút komme eventuele tredde belanghawwenden (lykas de hâlder fan de fergunning dêr't beswier tsjin makke wurdt) oan bar. De leden fan de kommisje kinne oan alle partijen fragen stelle. Fan de harksitting wurdt in ferslach makke.

It advys

Nei de harksitting bringt de kommisje advys út oan it bestjoersorgaan dat de úteinlike beslissing nimme moat. It is dan oan de gemeente om in beslissing te nimmen op it beswierskreaun. Dêrby kin de gemeente it advys oernimme of derfan ôfwike. Dit lêste mei allinnich as dit motivearre bart. Fan de beslissing op it beswierskreaun ûntfangt jo sa gau mooglik berjocht. Dêrby ûntfangt jo ek in kopy fan it ferslach fan de harksitting en it advys fan de beswierkommisje. Troch middel fan in saneamde beropsbylage wurde jo op de hichte brocht fan de mooglikheid om tsjin de beslissing op it beswierskreaun in beropskrift of fersyk om in foarriedige foarsjenning yn te tsjinjen by de rjochtbank.

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân