Enerzjy yn Opsterlân

Opsterlân enerzjyneutraal yn 2035: dat is ús ambysje. Tegearre mei ús ynwenners en bedriuwen wolle wy alle enerzjy dy't yn 'e gemeente brûkt wurdt duorsum opwekke binnen de gemeentegrinzen.

It Klimaatakkoart

Yn 2015 ûndertekende Nederlân it Klimaatakkoart fan Parys. It doel fan dizze oerienkomst is om CO2- útstjit te ferminderjen om te foarkommen dat de opwaarming fan 'e ierde mear as 2 graden wurdt. Dit is nedich om bygelyks droechte, swiere rein, oerstreamingen en seespegelstiging te beheinen. 

Opsterlân hat yn juny 2022 it koälysje-akkoart Mei-inoar foarút 2022 - 2026 oannommen. Duorsumens is hjir in wichtige pylder yn. 

Webside Enerzjy yn Opsterlân

Mei de kampanje Enerzjy yn Opsterlân wy wolle minsken ynspirearje en bewust meitsje. Der bart al in soad yn 'e doarpen. Tink bygelyks oan it pilotprojekt Ierdgasfrij Wenjen yn Wijnjewoude. Of it Repair Café. Of de enerzjycoaches dy't frijwillich en ûnôfhinklik advys jouwe oer enerzjybesparring. Grut of lyts, al dizze inisjativen drage by oan ús ambysje.

Gean nei Enerzjy yn Opsterlân

Us belied foar sinnefjilden

Sinnepanielen spylje in wichtige rol yn 'e oergong nei duorsume enerzjy. Yn 'e takomst sil elektrisiteit benammen opwekt wurde moatte troch sinnepanielen. Yn maaie 2020 hat de gemeenteried ús Sinne-enerzjyplan oannaam. Wy wolle dat sinne-enerzjy oeral binnen de gemeente opwekt wurdt, salang't oan de betingsten fan it Sinneplan foldien wurdt.

Sinneplan

Op wei nei enerzjy-effisjint wenjen yn Nij Beets

Doarpsferiening KRIGEL en de gemeente Opsterlân sille Nij Beets de kommende oardel jier helpe om stappen te nimmen om har huzen duorsumer te meitsjen. Wy sille dit dwaan mei ynformaasjegearkomsten, persoanlik advys en oare aktiviteiten wêr't it nedich is. 

Mear ynformaasje