Ynformaasjepunt Enerzjybesparring lansearre
Fan maart ôf sille de enerzjycoaches en enerzjyûntdekkers ree wêze om jo fragen oer duorsumens te beantwurdzjen. Elke earste woansdei fan 'e moanne yn 'e bibleteek fan Gorredijk.
Hawwe jo fragen oer enerzjybesparring of it duorsumer meitsjen fan jo hûs? De gemeente Opsterlân helpt jo graach! By ús Ynformaasjepunt Enerzjybesparring kinne jo fergees tips krije fan in enerzjycoach.
Us frijwillige enerzjycoaches steane klear om jo fragen te beantwurdzjen, of it no giet om lytse oanpassingen of gruttere duorsumensmaatregels. Kom gerêst del, it is folslein fergees en sûnder ferplichting! Jo hoege gjin ôfspraak te meitsjen.
Wêr en wannear?
Jo binne fan herte wolkom elke moanne op 'e earste woansdei fan 'e moanne.
Tiid
15.00 oere - 17.00 oere
Lokaasje
Biblioteek Gorredijk, Schansburg 1, 8401RX Gorredijk
Wolle jo mear witte?
As jo fragen hawwe, kinne jo in e-post stjoere nei energie@opsterland.nl .
